Herman Gordijn
Appearance
Herman Gordijn (De Haach, 16 maaie 1932 - 25 maaie 2017) wie in Nederlânsk keunstskilder en grafikus; syn wurk wurdt rekkene ta it lyrysk realisme.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1950 oant 1955 folge er in oplieding oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach. Yn 1960 festige er him yn Amsterdam. Yn de jierren 60 en 70 wie er njonken skilder en grafikus ek in tige produktive dekor- en kostúmûntwerper foar toanielselskippen. Fan 1969 oant 1987 wie Gordijn dosint oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam.
Gordijn waard ek bekend troch syn monumintale portretten yn opdracht, lykas dy fan keninginne Beatrix, de aktrise Charlotte Köhler en de akteur Ton Lutz.
Der waarden mear as ien (telefyzje)dokumintêres en boeken oer syn wurk makke.