Hendrik C. van de Hulst

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Van de Hulst op de Nederlânske Astronomekoferinsje, Dalfsen, maaie 1967
Henk van de Hulst in 1977

Hendrik Christoffel (Henk) van de Hulst (Utert, 19 novimber 1918 - Leien, 31 july 2000) wie in Nederlânsk astronoom.

Van de Hulst wie in soan fan berneboekeskriuwer W.G. van de Hulst sr. Hyn studearre yn Utert en behelle yn 1946 by Marcel Minnaert syn doktoraat, mei it proefskrift "Optics of spherical particles". Nei syn promoasje wurke er as postdoc oan de Yerkes-stjerrenwacht fan de Universiteit fan Chicago.

Yn de Twadde Wrâldoarloch berekkene er, ynspirearre fan Jan Hendrik Oort, dat wolken fan neutraal waterstof yn us Molkweistelsel elektromagnetyske strieling mei in golflingte fan 21 sintimeter útstjoere moasten. Dy strieling waard yn 1951 ek yndie ûntdutsen en yn'e mande mei Oort en Christiaan Alexander Muller sette Van de Hulst út ein mei in projekt dat it neutrale wetterstof yn it Molkenpaad yn kaart bringe moast. De spiraalfoarmige struktuer fan it Molkenpaad waard dêrtroch foar it earst fêstlein.

Tusken 1948 en 1984 wie Van de Hulst ferbûn oan de Universiteit Leien, earst as lektor en fân 1952 ôf as gewoan heechlearaar. Hy levere in wichtige bydrage op it mêd fan radio-astronomy en ek oan nasjonale en ynternasjonale organisaasjes op it mêd fan romteûndersyk. Van de Hulst krige yn 1955 de Henry Draper Medal, yn 1964 de Rumford Medal, yn 1978 de Bruce Medal en yn 1995 de Karl Schwarzschild Medal. 'Planetoïde 2413 van de Hulst' is nei him ferneamd en '2412 Wil' is nei syn oare helte ferneamd. Hy wie lid fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).

Van de Hulst waard 1958 der earste presidint fan COSPAR, in nije ynternasjonale organisaasje foar romteûndersyk. Teffens wie er nau belutsen by de oprjochting fan de Jeropeeske Romtefeartorganisaasje ESA en spile er in rol fan belang by it ta stân kommen fan it Europeeske Romtefeart^ndersyk en Technologysintrum ESTEC yn Noardwyk yn Súd-Hollân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H.J. Habing, 2000. InMemoriam H.C. v/d Hulst, Nederlands Tijdschrift voor Natuurkunde. S. 283-284