Jan Hendrik Oort

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Oort (1961)
Betinkplakette oan it bertehûs fan Oort yn Frjentsjer

Jan Hendrik Oort (Frjentsjer, 28 april 1900Leien, 5 novimber 1992) wie in Nederlânske astronoom fan wrâldfaam. Hy wie in wichtige pionier en stimulator fan de radioastronomy. De bekende Oortwolk is nei him neamd.

1900-1940[bewurkje seksje | edit source]

Oort waard berne yn Frjentsjer, mar ferhuze al ier nei Oegstgeest. Yn 1917 gie hy studearjen oan de Ryksuniversiteit Grins by Jacobus Cornelius Kapteyn; hy helle hjir yn 1921 syn doktoraaleksamen yn de astronomy. Nei syn ôfstudearjen bleau hy noch in jier by dizze universiteit yn de funksje as ûndersyksassistint, mar wurke d6ernei twa jier by it observatoarium fan de Yale-universiteit (Connecticut, FS). Yn 1924 waard hy troch Willem de Sitter nei de Ryksuniversiteit Leien helle. Hjir gie hy wurkjen by de Leienske Stjerrewacht, om dêr de rest fan syn libben te bliuwen (útsûndere koarte perioades fan sabbatsjierren en yn de Twadde Wrâldoarloch). Yn 1926 promovearre hy cum laude oan de Ryksuniversiteit Grins by Pieter van Rhijn op it proefskrift titele "The stars of high velocity".

Oort fûn yn 1927 it bewiis foar de teory fan Bertil Lindblad dat de molkwei rotearret. Hy die dat troch de beweging fan fiere stjerren te analysearjen. Oan de Ryksuniversiteit Leien waard hy yn 1930 lektor en neidat de Deen Ejnar Hertzsprung nei it hommelske ferstjerren fan De Sitter yn 1934 heechlearaar/direkteur fan de Leienske Stjerrenwacht wurden wie, krige Oort in beneaming as heechlearaar. Syn oraasje yn 1935 hie de ienfâldige titel "De bou fan de stjerrestelsels". Yn de jieren tritich en fjirtich waard syn belangstelling wekt foar radiostrieling yn it hielal.

Yn 1935 waard Oort keazen ta algemien sekretaris van de International Astronomical Union (IAU), en yn 1937 waard hy keazen as lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Witenskippen (KNAW).

Yn 1928 waard syn soan Coen Oortberne, dy't letter in wichtich Nederlânsk ekonoom wurde soe.

Oarlochstiid[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Twadde Wrâldkriich luts Oort him werom fan de stjerrewacht om net gizele te wurden troch de Dútsers. Yn 1942 sette Jan Duyvendak Sineeske dokuminten oer oangeande de ferskining fan in gaststjer dy't yn it jier 1054 ferskynde en no de namme SN 1054 draacht.

Syn promovendus Hendrik C. van de Hulst die yn 1944 by in geheime lêzing de foarsizzing dat yn de radiostrieling út it hielal de 21-sm wetterstofline fûn wurde moast, wat nei de oarloch befêstige waard.

Nei de oarloch waard Oort heechlearaar/direkteur fan de stjerrewacht en ûnder syn lieding waard begûn mei de radioastronomy. Hy rjochte de Stichting Radiostraling van Zon en Melkweg op. De stichting waard foarme troch in gearwurking fan de Leienske en Utertske stjerrewachten, de PTT en it natuerkundich laboratoarium fan Philips. Mei in Würzburg-Riese, in âlde radarantenne fan de Dútsers, waard yn Radio Kootwijk ûndersyk dien nei radiostrieling fanút de romte.

Dwingeloo[bewurkje seksje | edit source]

Yn de jierren fyftich samle hy fûnsen foar de bou fan in nije radioteleskoop yn Dwingeloo. Yn 1956 waard dizze 25 meter radiotelescoop yn gebrûk nomd en waard ûndersyk dien nei it sintrum fan de Molkwei, dat folle aktiver blykte as't tocht waard.

Yn 1970 koe, ek troch de ynspanningen fan Oort, de grutte gearstalde teleskoop yn Westerbork yn gebrûk nomd wurde. Dizze teleskoop bestie út 12 ôfsûnderlike radioteleskopen. Oort stiet ek oan de widze fan de ESO, it gearwurkingsferbân fan Dútslân, Frankryk, Nederlân, Sweden, Denemark, Belgje, Itaaalje en Switserlân foar de bou fan de grutte optyske teleskijuujuoop in Sily. Yn 1970 gie hy mei emeritaat, mar bleau de rest fan syn libben ûndersyk dwaan nei molkweistelsels.

Yn 1984krige hy de Balzan Priis foar astrofysika.

Ferstjerren[bewurkje seksje | edit source]

Jan Hendrik Oort stoar yn 1992 te Leien op 92-jierige leeftiid. Op dit ferstjerren reagearde de natuerkundige Chandrasekhar sa: "The great oak of Astronomy has been felled; and we are lost without its shadow" (De grutte iik fan de astronomy is kapt, en wy binne ferlern sûnder syn skaad).

Inkele belangrike ûntdekkings[bewurkje seksje | edit source]

Oort berekkene dat it mulpunt fan de molkwei op in ôfstân fan 30.000 ljochtjier fan de ierde lei yn it stjerrebyld Sagittarius en dat in omwinteling om dit middelpunt 200 miljoen jier duorre.

De massa fan de molkwei waard troch Oort berekkene en hy kaam út op 100 miljard kear de massa fan de sinne.

Yn 1950 opperde hy de hypoteze dat kometen in mienskiplike oarsprong hienen. Tsjintwurdich hjit dy oarsprong de Oortwolk.

In oare wichtige bydrage wie dat hy oantoande dat it ljocht fan de Kraabnevel polarisearre wie troch fan syngrotronstrieling, eat dat troch Iosif Samuilovich Shklovskii foarsein wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: