Helena de Boer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Helena de Boer

Helena de Boer (Snits, 16 febrewaris 1962) is in skriuwster en tekeneres.

Helena de Noer skreau en tekene de searje Bear Boeloe foar Omrop Fryslân. Ek makke hja ferskate boeken oer Bear Boeloe. Yn 2007 hat se besletten in punt efter de televyzjesearje en de boeken te setten. De televyzjesearje sil noch wol trochgean op basis fan werhellings en/of besteand yllustraasje-materiaal. Helena de Boer hat ek noch in oar berneboek makke en in bondeling fan gedichten mei tekenings.

Bibliografy [bewurkje seksje]

Njonken har wurk foar de searje Bear Boeloe foar Omrop Fryslân hat Helena de Boer de neikommende boeken makke:

  • 1995 - Bear Boeloe en de jonge poeskes
  • 1997 - Bear Boeloe, oer hoopkes en húskes
  • 1999 - Bear Boeloe, fûgeltsje
  • 2002 - Bear Boeloe, lytse poppe
  • 2002 - Maar die grijze klei (Mar dy grize klaai) poëzij mei tekenings
  • 2004 - Bear Boeloe, broerke
  • 2005 - De tredde doar.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]