Helena de Boer
Appearance
Helena de Boer (Snits, 16 febrewaris 1962) is in skriuwster en tekeneres.
Helena de Boer skreau en tekene de searje Bear Boeloe foar Omrop Fryslân. Ek makke hja ferskate boeken oer Bear Boeloe. Yn 2007 hat se besletten in punt efter de telefyzjesearje en de boeken te setten. De telefyzjesearje is trochgongen en se is nei in pear jier wer begûn mei it tekenjen en skriuwen fan ferhalen, as oan folling op werhellings en/of besteand yllustraasje-materiaal. Helena de Boer hat ek noch in oar berneboek makke en in bondeling fan gedichten mei tekenings.
Hja is fierder byldzjend keunstner en druïde en jout kursussen oan hûs yn Zorgvlied
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken har wurk foar de searje Bear Boeloe foar Omrop Fryslân hat Helena de Boer de neikommende boeken makke:
- 1995 - Bear Boeloe en de jonge poeskes
- 1997 - Bear Boeloe, oer hoopkes en húskes
- 1999 - Bear Boeloe, fûgeltsje
- 2002 - Bear Boeloe, lytse poppe
- 2002 - Maar die grijze klei (Mar dy grize klaai) poëzij mei tekenings
- 2004 - Bear Boeloe, broerke
- 2005 - De tredde doar (jeugdboek).