Hearen XIX

Ut Wikipedy

De Hearen XIX (Heeren XIX) wiene it bestjoer fan de Westyndyske Kompanjy (WIC). Dat bestjoer waard foarme troch ôffurdigen fan de keamers dy't dielnamen yn de WIC, plus in ôffurdige út namme fan de Steaten Generaal.

Amsterdam hie acht ôffurdigen, en Seelân fjouwer. De keamers fan Maze (Rotterdam), Noarderkertier en Stad en Lande hiene elk twa ôffurdigen.

De Hearen XIX kamen ôfwikseljend seis jier efterelkoar yn Amsterdam byinoar, en dan twa jier yn Middelburch. By de Twadde Westyndyske Kompanjy waarden de Heeren XIX ferfongen troch in bestjoer fan 10 leden, de Hearen X.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]