Halmstad

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Halmstad
Halmstad, Sweden, view from Tradecenter.jpg
Sifers
Ynwennertal 59.010 (2008)
Oerflak 33,01 km²
Befolkingstichtens 1687 / km²
Polityk
Lân Sweden
Provinsje Hallands län
Oar
Webside Offisjele webside
Lizzing fan Halmstad yn Sweden

Halmstad is de haadstêd fan de gemeente Halmstad en de haadstêd fan de provinsje Hallands län yn it lânskip Halland . It plak hat 59.005 ynwenners (2005) en in oerflak fan 3301 hektare. Halmstad leit op it plak dêr't de rivier de Nissan yn see útmûnet.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Halmstad soe al foar de 11e ieu bestien hawwe en wie in hannelsplak. Ut reden fan oerstreamingen waard de delsetting in tal kilometers nei it noardeasten ferpleatst, tichter by de see. Halmstad soe yn 1307 stedsrjochten krige hawwe; it wie doetiids de grutste stêd oan de westkust fan Sweden. In ieu letter waard de stêd oermastere troch it Deenske ryk. Healwei de 16e ieu skonken de Deenske oerhearskers de stêd in stedswapen, út tankberens foar de moedige wjerstân dy't de stêd bean hie tsjin de opteine Sweden. Yn 1619 moeten de keningen Kristiaan IV fan Denemark en Gustaaf II Adolf fan Sweden oan de mûning fan de Nissan krekt bûten de stedspoarten, dêr't sy de frede ôffûstken. Troch it Ferdrach fan Brömsebro wurdt Halmstad yn 1645 in Sweedske stêd.

2007 waard it 700-jierrich bestean fan de stêd fierd.

Partnerstêden[bewurkje seksje | edit source]

Foto's[bewurkje seksje | edit source]

Trivia[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]