HX-konfoai

Ut Wikipedy
U-175 ta sinken brocht by oanfal op HX-konvoai 233, 17 april 1943

In HX-konfoai wie in fluch konfoai sa as dy yn de Twadde Wrâldkriich organisearre waarden tusken Noard-Amearika en Grut-Brittanje, om dat lân te foarsjen fan grûnstoffen, legermaterieel, manskippen en iten yn de striid tsjin Nazi-Dútslân.

Oarspronklik wienen it konfoaien fan Halifaks út, op Nij Skotlân, tusken Kanada en Grut Brittanje, dy't yn oarloch wienen mei Nazi-Dútslân. Neidat de Feriene Steaten yn desimber 1941 ek offisjeel belutsen waarden yn de oarloch waarden de HX-konfoaien organisearre tusken New York en Grut-Brittanje.

De HX-konvoaien wienen flugge konfoaien foar skippen dy't 9 oant 14 kopen yn 't oere helje koenen, sadat hja minder kwetsber wêze soenen foar de oanfallen fan de Dútske U-boaten. Lykwols hawwe ek dizze konvoaien swiere ferliezen hân. Fan de 40 konvoaien dy't mear as 6 skippen ferlearen, wiene 5 út de HX-searje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]