Sint-Martinusbasilyk (Fenlo)
Sint-Martinusbasilyk | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Limburch | |
plak | Fenlo | |
adres | Grote Kerkstraat 40 | |
koördinaten | 51° 22' N 6° 10' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Roermond | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Toer: Jules Kayer | |
boujier | 15e oant 19e iuw; toer 1950 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 37159 | |
Webside | ||
Side roomsk-katolyk Fenlo | ||
Kaart | ||
De Sint-Martinusbasilyk (ek Grutte Tsjerke) is in grutte roomsk-katolike stedstsjerke yn 'e Limburchske stêd Fenlo. Mei de trijeskippige halletsjerke waard yn 1410 útein set. De toer is oant trije kear ta wer op boud, foar de lêste kear nei de Twadde Wrâldkriich.
Sûnt 28 april 2019 draacht de tsjerke de earetitel basilyk.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likernôch om it jier 1000 kaam de bou fan in stiennen krústsjerke yn romaanske styl ta stân, dy't yn de 13e iuw útboud waard as romaanske halletsjerke. Argeologysk ûndersyk hat útwiisd dat foar dy tiid der in 9e iuwsk sealtsjerkje fan 5 by 10 meter stien hat. Yn 'e rin fan 'e 14e iuw waard oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke in toer boud, dy't in tintedak mei in lantearne en in sipelfoarmige koepel hie. Yn 'e 15e iuw waard de romaanske tsjerke ferfongen troch in goatysk gebou. It wurk duorre oant likernôch 1500.
Nei't earder al yn 1511 ûnder in belis fan 'e stêd en letter ek de swiere ierdskodding fan 1532 de toer slim skeinde, foelen twa iuwen letter dielen fan 'e toer del. Yn 1774 folge de sloop fan 'e rest fan 'e toer en yn 1776 wie de bou fan in nije toer. Dy toer wie no mei 49 meter leger as de foargonger, mar krige wer in lantearne mei sipel as bekroaning.
Under lieding fan 'e arsjitekt Pierre Cuypers waard de tsjerke yn 'e jierren 1879-1881 fergrutte en restaurearre yn neogoatyske styl. De âlde toer waard ferhege nei 59 meter en krige in yndrukwekkende spits mei pinakels, fjouwer hoektuorkes en fjouwer ryk dekorearre harkenieltsjes. De yngongspartij krige in eigen spits en waard dekorearre mei in reliëf fan de patroanhillige fan de tsjerke op it hynder.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich like de tsjerke it geweld besparre te bliuwen, mar yn novimber 1944 sloech it fjoer fan 'e brân yn 'e stêd, feroarsake troch in bombardemint, oer nei it gebou en sawol tsjerke as toer baarnden foar in part ôf. Nei de befrijing stoartte de toer by in stoarm yn oktober 1945 yn. It ferwulft en de yngongspartij fan 'e tsjerke rekke dêrby sa slim skeind, dat der gjin reparaasje mear mooglik wie.
De tsjerke waard nei de kriich wer restaurearre en rekonstruearre en de toer waard yn 1953 foltôge. De toer is in folslein nij ûntwerp fan Jules Kayer en hat neat mear fan de âlde toer fan Cuypers. As ferwizing nei de midskiuwske toer krige de Kayer-toer ek wer in sipel op de spits. Op it plak fan de eardere tagong stiet no de toer.
De tsjerke krige op 28 april 2019 de earetitel basilyk. Dy snein waarden yn in eucharistyfiering it konopeum en it tintinnabulum de tsjerke binnendroegen. Neffens it bisdom Roermûn krige de tsjerke de titel om't Fenlo al mear as tûzen jier in plak fan religieus libben is.[2]
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke binne tal fan keustwurken te sjen. Dêrûnder bygelyks in barokke kânsel mei in troch ingelen droegen klankboerd út 1701. Yn it koer steane 15e iuwske koerbanken. De doopkapel wurdt fan it sydskip skieden troch in iken stek út de 17e iuw. Yn de doopkapel stiet in koperen doopfont út 1621 mei in byldengroep fan Jehannes dy't Jezus doopt. Fan de yn Fenlo berne skilder Jan fan Kleef hingje yn de tsjerke in tal skilderijen. It haadalter is in ûntwerp fan Jos Windhausen, dy't fan 1892 ôf yn de Martinustsjerke as kapelaan wurke. It alter lit foarstellings fan de lijensskiednis fan Kristus sjen.
De brânskildere glês-yn-leadramen binne fan nei de kriich en waarden troch Charles Eyck en Daan Wildschut makke. Om de tsjerke hinne steane noch inkelde 17e iuwske grêfkrusen.
Karriljon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e toer hinget ien fan de grutste karriljons fan Jeropa. It bestiet út 53 klokken. Yn 1959 waarden 44 klokken getten troch Petit en Fritsen út Aarle-Rixtel dy't de fjouwer besteande klokken út 1952 oanfollen. Yn 1999 waarden der jitris fiif nije klokken oan ta foege.[3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke kent al hiel lang de tradysje fan in oargel, al oan it begjin fan de 15e iuw hat der in oargel stien. It hjoeddeiske oargel ferfong it oargel dat yn 1944 ferlern gyng. It trijemanualige ynstrumint waard boud troch de oargelmakkerij Verschueren út Heythuyzen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Oargel
-
Ynterieur
-
Patroanhillige
-
Detail haadalter
-
Fesperbyld
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|