Groningen (Minnesota)

Ut Wikipedy

Groningen is in plak (gemeentefrij gebiet) yn de Amerikaanske steat Minnesota yn Pine County. Groningen leit fuort noardwest fan Sandstone tichtby de krúsing fan Pine County 35, Pine County 28 (Groningen Road) en it eardere Northern Pacificspoar (no Willard Munger State Trail). Yn 1977 waard de befolking rûsd op sa'n 30 minsken.

It plak is ferneamd nei de provinsje Grinslân (Groningen) yn Nederlân. De mienskip hjitte yn it earstoan Miller Station, doe't dêr in postkantoar wie Belknap (1877-1881) en letter Groningen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]