Gilderik II

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Kening Gilderik II (sirka 653 - hjerst 675), soan fan Klovis II, waard kening nei de dea fan Gildebert de Adoptearre, de soan fan hofmeier Grimoald I. Hy wie kening oer Austraasje fan 662 oant 675. Doe't hofmeier Ebroin troch de greven fan Autun, Parys en Lyon finzennommen waard, krige Gilderik II Neustrje en Boergonje derby.

Sibbenis[bewurkje seksje | edit source]

Gilderik wie de jongste soan fan de Frankyske kening Klovis II en Baldechildis. Hy troude yn de perioade tusken 18 oktober en 9 desimber 662 mei Bilgilde, de dochter fan kening Sigibert III. Om-ende-by 670 waarden út dat houlik twa soannen berne, Dagobert en Gilperik II

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Nei de dea fan Gildebert de Adoptearre yn 662 waard Gilderik kening yn it eastlike diel fan it Merovingyske keninkryk (Austraasje). Yn earsten stie hy ûnder fâdij fan sawol syn muoike en lettere skoanmem Gimnechild, de widdo fan Sigibert III, en hofmeier Wulfoald fan Austraasje. De machtsoerdracht ferrûn oarderlik en de hege eallju fan it ryk stienen nei alle gedachten goedwillich tsjinoer it beëinigen fan it Pippyniden-yntermezzo. De folgjende aksjes, donaasjes en bestellingen wienen hiel bot rjochte tsjin de Pyppyniden en Arnulfingers. Nei de dea fan syn broer Klotarius III yn 673 waard Gilderik troch de Neustryske opposysje oproppen syn oare broer Teuderik III en hofmeier Ebroin oan te fallen. Gilderik behelle yn de striid de oerhân, en Ebroin en Teuderik waarden nei it kleaster ferbannen. Noch ienkear soe it Frankyske ryk foar koarten tiid regearre wurde troch in Merovinger.

Mar koart dêrop, yn de hjerst fan 675, foel Gilderik mei syn frou dy't swier wie fan in tredde en syn jongste soan Dagobert, ten offer by in moardkomplot. Yn in bosk tichby Chelles waarden sy fermoarde. De oanlieding hjirta wie in skeel tusken de Neustryske en Austrasyske partij oan it keninklik hof. Gilperik, de oare soan fan de fermoarde kening, wie op dat stuit fiif jier en waard, sadat doe brûkme wie, ferbannen nei it kleaster.

Gilderik waard lykas syn frou te hof brocht yn de katedraal St. Germain-des-Pres yn Parys.