Gilperik II

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kroaning fan Gilperik, Parys, Bibliotheque Sainte-Geneviève.

Gilperik II ( ± 67213 febrewaris 721), wie kening fan Neustrje fan 715 ôf en kening fan hiel it Frankyske Ryk fan 718 ôf oant syn dea. Hy wie de lêste fan de Merovingyske dynasty mei in gesach.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Gilperik waard yn sa. 672 berne as jongste soan fan kening Gilderik II en Bilichilde. Syn beide âlden kamen troch in moarderij om it libben. Hy wie doe noch mar twa jier âld en yn tsjinstelling ta syn âldere broer Dagobert koe Gilperik oan de dea ûntsnappe troch opsluting yn it kleaster. As muonts broeder Daniel wie Gilperik foarbestimd de rest fan syn libben dêr troch te bringen.

Gilperik hie 40 jier yn it kleaster trochbrocht doe't er yn 715 troch Neustryske krigers dêr ynienen weihelle waard en op it skild hisen. Yn it Frankyske ryk wie nei de dea fan hofmeier Pippyn fan Herstal in boargerkriich ûntbrutsen (de Frankyske Boargerkriich) en de Neustrjers mei Ragenfrid as hofmeier wienen yn opposysje tsjin de erfgenamten fan de ferstoarne hofmeier. Hy waard as kening fan Neusterje oansteld. Troch Ragenfrid waard Gilperik op in seremoanjele ossenkar meinommen op kriichstocht, mar it die al gau bliken dat Gilderik, fan in oar kaliber wie as de saneamde "Liddige Keningen" earder. Hy woe sels baas wêze en ûntwikkele him as fjochter en lieder, dy't altyd foarop gong yn de striid oan it haad fan de troepen.

Yn 716, late Gilperik tegearre mei Ragenfrid it leger djip Austraasje yn, dêr't op dat stuit in striid geande wie tusken Plektrudis, de widdo fan Pippyn fan Herstal mei har beppesizzer Teudobald tsjin Karel Martel, de basterdsoan fan de ferstoarne hofmeier. De Neustrjers ferbûnen har mei in oar ynfallend leger dat ûnder lieding stie fan Redbad, kening fan de Friezen en moete Karel op it slachfjild by Keulen, dat yn hannen wie fan Plektrudis. Gilperik wie oerwinner yn de slach by Keulen en Karel flechte it Eifelberchtme yn. Plektrudis joech har oer en erkende Gilperik as kening fan Neusterje.

Gilperik en syn triomfantlik leger koenen net lang genietsje fan de oerwinning, want Karel, dy't in slach ferlern hie mar net de kriich, foel it weromkearende leger oan, tichteby Malmedy. Hy lokke syn tsjinstanner yn in mûklaach en helle de oerwinning yn de slach by Amel. De fersleine Neusterjers moasten fuort flechtsje mei efterlitting fan al harren oarlochsbût.

Yn 717 foel Karel Gilperik oan yn Neustrje en befêstige syn superieurens mei oerwinnings by Vincy, tichteby Kameryk en letter by Soissons. Gilperik en Ragenfrid ûntkamen troch nei Parys te flechten en ferbûnen har mei Odo de Grutte, de hartoch fan Akwitaanje, dy't himsels ûnôfhinklik ferkleare hie sûnt it útbrekken fan de boargeroarloch yn 715. By Soissons waarden sy foar de tredde kear ferslein. Gilperik socht nei de slach syn heil yn it lân besuden de Loire en Ragenfrid flechte nei Angers.

Odo sleat frede mei Karel en levere Gilperik oan him út. Fan Karel mocht Gilperik kening bliuwe, mar sûnder feitlike macht. Yn 719 waard Gilperik sels offisjeel ta kening fan alle Franken kroand. Datselde jier stoar Gilperik yn Attigny en waard te hôf brocht yn Noyon.

Gilperik hie ien soan, de lettere kening Gilderik III.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]

  • Charles Oman. The Dark Ages, 476–918. London: Rivingtons, 1914.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]