Gelimer

Ut Wikipedy
Munt mei byltenis fan kening Gelimer (D N REX G-EILAMIR), ±530

Gelimer (480-553) wie de lêste kening fan de Fandalen en de Alanen, in Germaansk folk dy't yn it tiidrek fan de Grutte Folkeferfarren yn Noard-Afrika in keninkryk stifte hat. Hy regearde fan 530 oant 534 nei Kristus.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gelimer wie de soan fan Geilarit, pakesizzer fan Gento en oerpakesizzer fan de Fandalenkening Geiserik (regearde fan 428 oant 477). Yn 530 skode hy syn neef kening Hilderik, dy't pro-Romeinsk wie, oan de kant en grypte de macht. De East-Romeinske keizer Justinianus I, dy't dreamde fan it werom feroverjen fan it ferlern giene West-Romeinske Ryk, seach yn dizze died oanlieding om yn 533 in strafekspedysje ûnder lieding fan syn generaal Belisarius te stjoeren.

Dat leger bestie út 18.000 soldaten (10.000 man fuotfolk en 5000 man ruterij) en noch wat helptroepen. De Romeinen kamen yn Caput Vada oan wâl en marsjearden lâns de kustlyn nei Kartago. Gelimer, dy't krekt dêrfoar troepen mei syn broer Tata útstjoerd hie om in opstân op Sardynje te stopjen, wie troch dizze ynvaazje folslein ferrast. Yn twa fjildslaggen (slach by Ad decimum en slach by Trikameron) waard it leger fan de Fandalen ferslein en ûnskealik makke. Kening Gelimer waard finzen nommen en it Fandaalske Ryk hâlde op te bestean.

Belisarius kearde nei dizze oerwinning werom nei Konstantinopel mei Fandaalske finzenen en foar him waard in triomfantlike rûntocht hâlden. De finzen nommen Gelimer waard ferbannen nei Galaatsje en 2000 fan syn krigers soenen opnomd wurde by it Byzantynske leger.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hermann Schreiber, De Vandalen, Zegetocht en ondergang van een Germaans volk, Amsterdam, 1979.