Belisarius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
keizer Justinianus mei Belisarius op in mozayk (Ravenna)

Flavius Belisarius of ek Belisarios (Gryksk: Βελισάριος) (505-565) wie nei alle gedachten de grutste generaal fan it East-Romeinske Ryk of Byzantynske Ryk. Yn namme fan keizer Justinianus I oermastere hy in grut part werom fan it ferlern gongen West-Romeinske Ryk.

Iere jierren[bewurkje seksje | edit source]

Belisarius wie fermoedlik fan mingde Slavysk-Grykske komôf. Hy makke opgong yn it leger en tsjinne as generaal oan de eastgrins dêr't hieltyd skermutselingen wienen mei de Sassaniden. Dêr besoarge hy de opkringende Perzen in oantal swiere nederlagen sadat de keizer in 'ivige frede' mei harren sluet. Ut tankberens beneamde hy Belisarius ta haad fan syn liifwacht. Troch dizze frede koe de keizer al syn oandacht rjochtsje op Westen fan it eartiids Romeinske ryk dêr't de Germanen harren keninkriken stifte hiene. Mar eardat it safier wie rekke de keizer sawat de troan kwyt troch de Nika oproer. Allinnich troch diedkrêftich optreden fan syn frou Theodora bleau de troan behâlden. Mei help fan Belisarius koe de opstân delslein wurde, dêr't ûnder de reboeljemakkers mear as 30.000 deaden by falle soenen.

Weroermastering fan it Westen[bewurkje seksje | edit source]

Neidat yn Konstantinopel de rêst werom komd wie, waard Belisarius nei Noard-Afrika stjoerd om in ein te meitsjen oan it Fandaalske ryk. Yn in fjildtocht dy't krekt mear as in jier duorre waarden de Fandalen yn twa fjildslaggen ferslein, alhoewol't it noch in skoft duorje soe eardat al harren gebieten de Romeinen op 'e nij as hearskers erkenden.

Dêrnei moast Belisarius de Ostrogoaten fan Itaalje ûnder hannen nimme. Dat wie in hiel wat dregere opdracht en it soe sawat tweintich jier duorje oant de Goaten de striid opjoegen. Dat resultaat waard berikt troch "kollega" generaal Narses. Belisarius sels wie op in sydspoar terjochte kaam. Nei alle gedachten wie de keizer bang wurden foar de tige populêre generaal dat dizze him nochris fan de troan stompe soe. Belisarius waard werom roppen nei Konstantinopel en Narses krige it befel oer de kampanje yn Itaalje. Omdat dizze wol genôch troepen meikrige, koe er de Goaten sa fier krije dat sy harren oerjoegen.

Lettere jierren[bewurkje seksje | edit source]

Op beskuldiging fan ûnbetrouberens waard Belisarius feroardield ta de finzenis. Mar omdat al it ryk mei swierrichheden te krijen hie oan de grinzen, waard al gau wer berop op him dien. Yn it easten wienen de Sassaniden wer op it oarlochspaad en yn it noarden waard de Balkan oerspield mei Slavyske stammen, omdat it meastepart fan de grinstroepen earne oars ynset wienen. Op wûnderbaarlike wize slagge Belisarius der yn om it leger op 'e nij te organisearjen en koed er de Slaven werom driuwe. Ut tankberens mocht er yn syn amt weromkomme. Koart dêrnei stoaren sawol de âlde keizer as de generaal.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]