Gaele van der Kooij
Gaele van der Kooij (Wommels, 11 july 1906[1] - Skearnegoutum, 13 july 1944[2]) wie in Nederlânsk hannelsreizger en kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Kooij waard yn Wommels berne as soan fan fabryksarbeider Jan van der Kooij en fan Nieskje Sipkema.[2] Hy wie troud mei Zwaantje Muizelaar. Van der Kooij wie yn de oarloch lid fan it Nationalsozialistisches Kraftfahrkorps. Hy wie goed op de hichte fan in soad dingen út it ferset yn de omkriten fan Snits. Hy waard ris betrape by it ôflústerjen fan in gearkomst fan it ferset yn in wente oan de Parallelweg.[3] Teffens waard er betitele as polityk ûnbetrouber[4] en sjauffeurde er foar de Dútske besetter.[5] Dêrom waard er al lange tiid yn de gaten holden troch it ferset. Uteinlik waard besletten dat Van der Kooij tefolle wist en dat de kâns dat er minsken feriede soe te grut waard. Dêrnei gie it ferset yn Snits ta aksje oer.[6]
Van der Kooij waard op 12 july 1944 ûntfierd troch in knokploech. Hy kaam út 'e trein en waard op 'e Kerkhoflaan oansketten en yn 'e auto fan 'e KP'ers smiten. Dêrnei waard er nei in pleats yn Skearnegoutum brocht, dêr't in soad ûnderdûkers en delsketten geallieerde piloaten ûnderdak fûnen. De ferwûne Van der Kooij wie net praatsk en woe net meiwurkje en it ferset siet dêr mei him opskipe. De oare deis waard er doe deasketten.[7]
Hy stoar 13 july om likernôch middeis trije oere yn Skearnegoutum yn de âldens fan 38 jier.[2]
De Dútske besetter naam wraak foar de moard troch ferskate Snitsers te likwidearjen yn de nacht fan 13 op 14 july 1944. Dy nacht is de skiednis yngien as de Snitser Bloednacht.[8]
It ferslach fan de likwidaasje fan Van der Kooij en de dêrnei folgjende ferjildingsaksje ferskynde in pear dagen letter yn de yllegale parse.[9][10]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|