Fullereen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Buckminsterfullereen (C60)

In fullereen is in folslein út koalstof besteand molekulen, dat hol is en in foarm hat fan in bol, ellipsoïde of piip. Bolfoarmige fullerenen wurden ek wol buckyballs neamd en sylindryske fullerenen buckybuizen (buckytubes) of koalstof-nanopiip (nanotubes).

De Fullerenen as in klasse fan molekulen binne neamd efter Richard Buckminster Fuller, de arsjitekt dy't de geodetyske koepel bekend makke hat. Buckminsterfullereen (ôfbyld) hat in dêrmei ferlykbêre foarm.

Fullerenen lykje wat de struktuer oangiet op grafyt, dat bestiet út in laach fan ferbûne seishoekige ringen, mar fullerenen hawwe fiifhoekige, en soms sânhoekige, ringen dy't tefoaren komme dat de laach flak is. Yn fullerenen foarmje oangrinzende fiifhoekige ringen lykwols in ynstabyl stee. It lytse fullereen dat gjin oangrinzende fiifhoeken hat is C60, buckminsterfullereen.