Frysk Bûn fan Feekeaplju

Ut Wikipedy
Frysk Bûn fan Feekeaplju
Friese Bond van Veehandelaren
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FBV
nasjonaliteit Nederlân
type org. feriening
wurkmêd hannel yn fee
fêstige yn Ljouwert (Fryslân)
oprjochte 1913
offisjele webside
gjint

It Frysk Bûn fan Feekeaplju (Nederlânsk en offisjeel: Friese Bond van Veehandelaren), gauris ôfkoarte ta FBV, is in Fryske feriening fan feekeaplju. Dizze organisaasje waard yn 1913 oprjochte, en foarmet de Fryske ôfdieling fan it Nederlânsk Bûn foar Hannelers yn Fee (NBHV).

Sûnt de Tongblierkrisis fan 2001 hat it Frysk Bûn fan Feekeaplju sels de organisaasje fan 'e feemerk fan Ljouwert yn 'e hannen, in sitewaasje dy't unyk is yn Nederlân. Dêrta is in achtkoppich bestjoer ynsteld ûnder de namme Stifting Feehannelsintrum Noard-Nederlân (SVNN).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: