FryskArgyfNet

Ut Wikipedy

It FryskArgyfNet is in oerheidswebstee, mei in oersjoch fan de ynhâld fan in grut oantal oerheidsargiven yn Fryslân.

It FryskArgyfNet is in mienskiplik projekt fan de provinsje Fryslân (ynklusyf de argyftsjinst dêrfan, de opfolger fan it eardere Ryksargyf yn Fryslân), it Wetterskip Fryslân, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, it Streekargivariaat Noardeast Fryslân en hast tritich gemeenten. De webstee waard yn 2000 oprjochte mei as doel de ynhâld fan de oansluten Fryske oerheidsargiven better tagonklik te meitsjen foar in grut publyk. Op FryskArgyfNet wurdt in oersjoch jûn fan de ynventarissen fan dizze argiven en ek in oantal genealogyske boarnen. De stikken sels binne no noch net middels ynternet te rieplachtsjen: dêrfoar moat men by de argiven sels wêze. It FryskArgyfNet biedt fierders in Undersyksgids fan legere oerheden yn Drinte, Fryslân en Grinslân oan, dy't fergees downloaden wurde kin.

Yn 2001, doe't it FryskArgyfNet as twadde einige by de jierlikse beoardieling fan Nederlânske oerheidswebsiden, telde de website ûngefear 78.000 besikers. Yn 2006 wienen dat mear as 210.000.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]