Friesland (Minnesota)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Pine County yn Minnesota

Friesland is in lyts plakje in de Amearikaanske steat Minnesota. It plakje leit yn Pine County.

Friesland leit tusken Hinckley en Sandstone by de krúsing fan de diken Pine County 61, Pine County 26, en it eardere Northern Pacific Railway (no de Willard Munger State Trail). Yn 1977 waard it ynwennertal op 40 rûsd.

It buorskip is neamd nei de provinsje Fryslân, mar hjitte oarspronklik South Junction, omdat it by de krusing fan it Great Northern- en Northern Pacificspoar lei. Fan 1896-1917 waard dêr in postkantoar yn it wurk holden.