Frede fan Münster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De beëdiging fan it ferdrach.
(Gerard Terborch, 1648)
De Santjin Provinsjen mei yn read de line fan de skieding tusken de Noardlike en de Súdlike Nederlannen

De Frede fan Münster wie in foar Nederlân wichtich ferdrach dat op 15 maaie 1648 in ein makke oan de Tachtichjierrige Oarloch tusken de opstannelingen yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en Spanje (Habsburch).

De Frede fan Münster wie ûnderdiel fan de Frede fan Westfalen, dy't ek in ein makke oan de Tritichjierrige Oarloch tusken in grut tal oare Europeeske lannen. Se moat net betize wurde mei it ferdrach fan Munster (Instrumentum Pacis Monasteriensis, IPM) fan 24 oktober 1648 tusken it Hillige Roomske Ryk en Frankryk, dat lykwols in grutte oerlaping hie mei it ferdrach fan Osnabrück (IPO) fan deselde datum tusken it Hillige Roomske Ryk en Sweden. Allegear binne wol ûnderdiel fan de Frede fan Westfalen.

It ferdrach tusken Spanje en de Nederlannen waard op 30 jannewaris 1648 fêststeld. Op 15 maaie waard de frede foarfêst tekene en troch Nederlânske en Spaanske gesanten mei harren eed bekrêftige, ûnder grutte belangstelling fan it publyk yn Münster. Op it skilderij de ûndertekening fan it fredesverdrag fan Münster - de seis ûnderhannelers mei de fingers omheech fingers f.l.n.r. Willem Ripperda, Frans van Donia, Adriaen Clant tot Stedum, Adriaen Pauw, Jan van Mathenesse en Barthold van Gent.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Boer, H.W.J. de, H. Bruch en H. Krol (red.), Adriaan Pauw (1585-1653); staatsman en ambachtsheer. Heemstede, VOHB, 1985
  • Manzano Baena, Laura, "Negotiating Sovereignty: the Peace Treaty of Münster, 1648", History of Political Thought, Volume 28, nûmer 4, 2007, siden 617-641.
  • Poelhekke, J.J., De vrede van Munster. De Haach, Martinus Nijhoff, 1948.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]