Franz Heep
Franz Heep, Adolf Franz Heep, (Fachbach an der Lahn, 24 july 1902 - Parys, 4 maart 1978)[1] wie in Brazyljaansk-Frânsk arsjitekt fan Dútsk komôf. Heep wie in oanhinger fan de Moderne Arsjitektuer en waard sterk fan de Bauhausstyl beynfloede.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heep studearre arsjitektuer oan de Keunstskoalle yn Frankfurt am Main, dêr't er Adolf Meyer moete, waans assitint er oant dy syn dea yn 1929 wie. Begjin trittiger jierre ferfear er ney Parys dêr't er foar arsjitekt, ûntwerper en skilder Le Corbusier arbeide. Yn 1932 stifte er yn 'e mande mei de Poalske arsjitekt Jean Ginsberg (1905–1983) in arsjitekteburo, dat wenblokken ûtwurp mei tapassing fan Corbusier syn designprinsipes, bygelyks bouwurken oan de Avenue de Versailles (1933), Vion-Whitcomb Avenue (1934) en de Rue des Paturo (1935). Foar syn heit, de heechlearaar Johannes Heep, ûntwurp er 1933 in went yn Eschhofen by Limburg (Lahn). By in grutte ferbouwing yn 1988 ferlear dat hûs lykwols de measte oarspronklike skaaimerken.[2]
Nei de Twadde Wrâldkriich emigrearre er yn 1947 nei Brazylje en sette him nei wenjen yn São Paulo. Dêr wurke er earst foar in yngenieurs- en oannimmersburo, mar stichte yn 1950 in eigen arsjitekteburo. Yn 1952 waard er steatsboarger en yn 1959 waard er dêr offisjeel erkend as arsjitekt. São Paulo hie yn dy tiid in foarkar foar útlânske arsjitekten. Sadwaande koe Heep de measte fan syn bouplannen dêr stal jaan. Ta syn fermeamdste wurk heart de Edifício Itália, dy't mei 168 meter de heechste wolkekliuwer fan São Paulo is.
Wurk (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Altino Arantes Santander Banespa-Altin (1947)
- Tinguá (1949)
- Ibaté (1953)
- Maracanã (1953)
- Normandie (1953)
- Icaraí (1953)
- Novotel Jaraguá (1954)
- Araraúnas (1955)
- Iporanga (1956)
- Arlinda (1959)
- Edifício Itália (1965)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jean-Paul Midant, Juan Calatrava, José Luís López Jiménez: Diccionario Akal de la arquitectura del siglo XX, Tres Cantos, Madrid 2004, ISBN 978-8446017479, S. 392.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|