Fransiskus Ksaveariuskatedraal (Hrodna)

Ut Wikipedy
Fransiskus Ksaveariuskatedraal
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
plak Grodno
koördinaten 53° 40' NB, 23° 49' EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grodno
patroanhillige Fransiskus Ksavearius
status basilyk
Arsjitektuer
boujier 1687-1705
boustyl barok
Kaart
Fransiskus Ksaveariuskatedraal (Grodno)
Fransiskus Ksaveariuskatedraal

De Fransiskus Ksaveariuskatedraal (Wyt-Russysk: Касьцёл Сьвятога Францішка Ксавэрыя) is in roomsk-katolike katedraal yn Hrodna, Wyt-Ruslân. De tsjerke waard boud foar de jezuïeten en yn 1991 de katedraal fan it doe stifte bisdom Hrodna.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De bou fan de katedraal sette yn 1687 útein as in diel fan in jezuïetekleaster. It foltôge barokke gebou waard yn 1705 oan Fransiskus Ksavearius wijd. Mei't de jezuïete-oarder yn 1773 opheft waard, waard de jezuïetetsjerke in gewoane parochytsjerke.

De tsjerke wist ferskillende oarloggen lykas de Twadde Wrâldkriich sûnder al te folle skea te oerlibjen.

Yn de Sovjettiid waard de tsjerke yn 1960 foar de earetsjinst sletten. De kommunistyske autoriteiten besochten fan it gebou in museum of in konsertseal te meitsjen, mar de katolike mienskip gyng jimmeroan alle sneinen nei de tsjerke om dêr mienskiplik te bidden en te sjongen. Yn 1987 waarden de offisjele earetsjinsten yn de tsjerke wer tastien.

De Fransiskus Ksaveariuskatedraal waard yn 1990 in basilica minor en in jier letter de katedraal fan it bisdom Hrodna.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Franz-Xaver-Kathedrale