Foudgumer Feart

Ut Wikipedy

De Foudgumer Feart is in feart yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De feart rint fan Foudgum nei it suden bylâns de Foudgumer Wei en komt út by Betterwird, op it plak wêr't earder de Boarnwerter Mar lei.

De Feart wie fan belang foar de wetterlossing fan de Holwerter seis, dy troch dizze feart en súd fan de Boarnwerter Mar troch de Alde Keech by de Domsyl oan de Dokkumer Ie útkaam. Yn 1478 kaam de Domsyl te ferfallen. Mar blykber wie de Foudgumer Feart doe al mei in ferbiningskanaal, de Sylsryd, mei de Alde Peazens ferbûn sadat Foudgum en Brantgum troch de Boarnwertersyl op de Dokkumer Ie harren wetter losse koene.

De namme Foudgumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Foudgumer vaart.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]