Forsite

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Forsety, ôfbyld yn 1680

Forsite of Forsety is in Fryske god. Oer syn krekte pleats yn de Fryske mytology is net folle mei wissichheid te sizzen. Der wurdt oannommen dat dizze god yn ferbân stie mei de rjochtspraak. Yn de Noarske mytology wie inselde god Forsite. Guon tinke dat dizze god syn wei fûn hat fia de hannel oersee nei Skandinaavje. Om it jier 700 hinne wienen der sterke kulturele bannen tusken it Fryske folk en Súd-Noarwegen dat de Forsite-kultus him noardwerts nei de Oslofjord ta ferspriede. (Vries, J. de, Altgermanische Religionsgeschichte, band II, Berlin, 1957).

De namme hâldt ferban mei it Fryske (of algemien Germaanske) wurd foar 'foarsitter'.

Fryske ferwizings nei Forsite[bewurkje seksje | edit source]

Forsite is mûglik oanwêzig yn de sêge De tolve asega's. Fan ferskate plakken wurdt sein dat sy it toaniel fan de gearkomste ûnder lieding fan Forsite west hawwe. Bekende plakken binne de heilboarne oan de foet fan de Noardfryske Stolberch, it rotseilân Helgolân (op âlde kaarten wol oanjûn as 'Forsitelân') en it waadeilân It Amelân, as oarsprong fan it kleaster Foswert.