Fokker D. XXI
De Fokker D.XXI (of D.21) wie in lytse jachtfleanmasine (jager) dy't troch Fokker ûntwikkele en boud waard yn de jierren 30 fan de 20e ieu.
Yn 1988 boude Fokker nochris in eksimplaar foar it Militêr Loftfeart Museum te Soesterberch.
Ynhâld |
Skiednis[bewurkje seksje]
De D.XXI wie bedoeld foar it ûnderskeppen fan fleanmasines. It tastel waard ûntwurpen foar it ML-KNYL, mar dy keas foar Amerikaanske tastellen. Doe waard de D.XXI oanskaft troch de LuVA, de Loftfeartôfdieling fan it Nederlânske leger; de earsten kamen yn 1938. De D.XXI waard ek levere oan Denemark en Finlân. Finlân boude it type ek yn lisinsje en brûkte it mei súkses yn de Winterkriich. Guon Finske piloaten hellen mei harren D. XXI's de Aas-status. Spanje krige ek lisinsjerjochten (Hispano Aviacion), mar der binne nea Spaanske tastellen boud.
Yn de maaiedagen fan 1940 wie de folle moderner Messerschmitt Bf 109, dy't hurder koe en swierder bewapene wie, de wichtichste tsjinstanner fan de D. XXI. Troch de bettere manoevrearberens fan de Fokker koe er dochs partij biede.
Konstruksje[bewurkje seksje]
De romp bestie út in rek fan metalen buizen; it foarste part wie beklaaid mei metaal en it efterste diel mei linnen. De wjokken wiene beklaaid mei hout (sa't alle Fokkers hiene). It ûnderstel koe net ynlutsen wurde en hie fearren yn de poat; de tsjillen hiene wol streamline kappen.
Technyske feiten[bewurkje seksje]
| Fokker D.XXI: | |
| Feiten | |
|---|---|
| Lingte | 8,20 m |
| Spanwiidte | 11,00 m |
| Wjokoerflak | 16,20 m² |
| Hichte | 2,95 m |
| Oandriuwing | 1 × luchtkuolle 9-silinder-Stjermotor Bristol Mercury VIII fan 830 HK (619 kW) |
| Heechste faasje | 460 km/o |
| Fleanberik | 930 km |
| Bemanning | ien fleander |
| Tsjinstplafond | 11.350 m |
| Leechgewicht | 1450 kg |
| Fleangewicht | 2050 kg |
| Bewapening | fjouwer F.N.-Browning M36-7,92-mm-Masinegewearen |