Filla Bouchina

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Filla Bouchina yn Doetinchem

Filla Bouchina is in gebou yn Doetinchem (Gelderlân) dat yn de Twadde Wrâldkriich brûkt waard as finzenis foar joaden dy't, fanwege bysûndere fertsjinste, spesjale beskerming fan de Dútsers hiene. Dat wie in taktyk dy't in part wie fan it Plan Frederiks - minsken dy't faaks rjocht hienen op sa'n lúks plak soenen net sa gau ûnderdûke.

Der bedarren úteinlik mar njoggen minsken yn de filla. Op 21 april 1943, goed twa moanne nei't se oankaam wienen, waarden hja deportearre nei Theresienstadt.

Yn Barneveld wienen noch twa fergelykbere kampen, kastiel De Schaffelaar en Hûs De Biezen. Yn dy twa kampen waarden yn totaal neistenby 700 joaden opsletten.

De finzenen[bewurkje seksje | edit source]

  • Jo Spier
  • Tineke Spier-van Raalte
  • Peter Spier
  • Céline Spier
  • Tom Spier
  • Simcha Selina Ancona
  • Abraham Spetter
  • Paul Drukker
  • Kaatje van Lunenburg-Groen

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]