Faye Dunaway

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Faye Dunaway
Op it Cannes filmfestival 2001

Dorothy Faye Dunaway (Bascom (Florida), 14 jannewaris 1941) is in Amerikaans aktrise.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Faye Dunaway waard berne yn Bascom, Florida. Har heit wie sersjant yn it Amerikaanske leger. Sy studearre oan de toanielôfdieling fan de Universiteit fan Boston en oan de Universiteit fan Florida. Begjin jierren '60 debutearre hja as aktrise op Broadway. Har filmdebút makke sy yn 1967, yn Hurry Sundown. Yn dat jier spile hja ek de rol fan Bonnie yn de film Bonnie en Clyde. Dy rol smiet har in Oscar-nominaasje op. Ek foar har rol yn Chinatown (1974) waard hja foar in Oscar nominearre. Yn 1976 wûn se in Oscar foar de bêste froulike haadrol yn de film Network.

Fanôf de jierren '80 spile sy lytsere rollen yn films en foar televyzje. Dunaway soe letter sizze dat har swier bekritisearre rol yn Mommie Dearest (1981) har karriêre as liedend aktrise bedoarn hat. Dunaway hat twa kear troud west en is twa kear skieden. Fan 1 augustus 1974 oant har skieding yn 1979 wie sy troud mei Peter Wolf, leadsjonger fan de rockband J. Geils Band. Yn 1984 troude se mei Terry O'Neill, in Britske fotograaf. Mei O'Neill hat se ien bern, mar yn 2003 hat hja sein dat it in oannaam bern is. Dunaway hat har as folwoeksene bekeard ta de Roomsk-katolike tsjerke.

Films[bewurkje seksje | edit source]

  • Hurry Sundown (1967)
  • The Happening (1967)
  • Bonnie and Clyde (1967)
  • The Thomas Crown Affair (1968)
  • Amanti (1968)
  • The Extradordinary Seaman (1969)
  • The Arrangement (1969)
  • Little Big Man (1970)
  • Puzzle of a Downfall Child (1970)
  • The Deadly Trap (1971)
  • Doc (1971)
  • Oklahoma Crude (1973)
  • The Three Musketeers (1973)
  • Chinatown (1974)
  • The Towering Inferno (1974)
  • The Four Musketeers (1974)
  • Three Days of the Condor (1975)
  • Network (1976)
  • Voyage of the Damned (1976)
  • Eyes of Laura Mars (1978)
  • The Champ (1979)
  • The First Deadly Sin (1980)
  • Mommie Dearest (1981)
  • The Wicked Lady (1983)
  • Ordeal by Innocence (1984)
  • Supergirl (1984)
  • Barfly (1987)
  • Midnight Crossing (1988)
  • The Gamble (1988)
  • Burning Secret (1988)
  • Frames from the Edge (1989) (dokumentêre)
  • On a Moonlit Night (1989)
  • Wait Until Spring, Bandini (1989)
  • The Handmaid's Tale (1990)
  • The Two Jakes (1990) (allinne stim)
  • Scorchers (1991)
  • Double Edge (1992)
  • Arizona Dream (1993)
  • The Temp (1993)
  • Unzipped (1995) (dokumintêre)
  • Don Juan DeMarco (1995)
  • Drunks (1995)
  • Dunston Checks In (1996)
  • Albino Alligator (1996)
  • The Chamber (1996)
  • In Praise of Older Women (1997)
  • Gia (1998)
  • Love Lies Bleeding (1999)
  • The Thomas Crown Affair (1999)
  • The Messenger: The Story of Joan of Arc (1999)
  • The Yards (2000)
  • Stanley's Gig (2000)
  • Yellow Bird (2001)
  • Festival in Cannes (2001) (Kameo)
  • Mid-Century (2002)
  • Changing Hearts (2002)
  • The Rules of Attraction (2002)
  • The Calling (2002)
  • Blind Horizon (2003)
  • Last Goodbye (2004)
  • El Padrino (2004)
  • Jennifer's Shadow (2004)
  • Ghosts Never Sleep (2005)
  • Taking Charge (2005)

Gastrollen[bewurkje seksje | edit source]

Oscars en Oscarnominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • 1968 nominearre foar Bonnie and Clyde
  • 1975 nominearre foar Chinatown
  • 1977 Oscar foar bêste froulike haadrol yn Network

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Faye Dunaway en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.