Faustina de Aldere

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Búste fan Faustina

Anja Galeria Faustina (98/105-140/141) wie de frou fan de Romeinske keizer Antoninus Pius en hie fan ôf 138 oant har dea de titel 'Augusta' (keizerin). Sy is ek wol bekend as Faustina Senior en Faustina Maior of Major.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oer it libben fan Faustina de Aldere is net folle bekend. Sa is har eksakte bertedatum (earne tusken 98 en 105) net bekend, lykas har houliksdatum mei Antoninus Pius en sels de datum fan har dea (om-ende-by 140-141) is ûnbekend. Har heit wie konsul Markus Annius Ferus fan Rome.

Wol bekend is dat Faustina in gelokkich houlik hie mei Antoninus en dat sy tegearre fjouwer berne krigen, dy't allegear berne waarden noch foardat Antoninus keizer waard. Mar ien fan dizze bern soe har oerlibje, nammentlik harren dochter Faustina (Faustina de Jongere), dy letter de frou wurde soe fan keizer Markus Aurelius, de adoptyfsoan en opfolger fan har heit.

Fierders is bekend dat Faustina in fleurich libben libbe en net bjuster trou wie oan har man Antonius. Nei alle gedachten hat de keizer, dy't bekend stie as in sober en tawijd man, as reaksje op it gedrach fan syn frou, ien fan har slavinnen, Galeria Lysistrate, as byfrou nommen. Dat wie miskien wol Antoninus syn ienige swakte yn syn fierders treftich libben. Antoninus hat nea fan Faustina skiede wollen en hat har nei har dea hillich ferklearje litten. Ek hat er in grut tal munten mei har byltenis slaan litten en de tekst DIVA AVG(VSTA) FAVSTINA (hillige keizerinne Faustina).