Fatum (mûne)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fatum yn 2009

Fatum is in poldermûne súdeast fan Tsjom yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Fatum bemealde oant de ruilferkaveling in polder mei deselde namme. De fjouwerkante ûndertoer mei houten dielen fan dizze spinnekopmole is mooglik út de 18e ieu. Yn 1914 en 1915 waard de mûne troch brân ferwoaste en wer opboud. Oant in restauraasje oan de ein fan de jierren sechtich hie Fatum in selsswichting. Yn 1989 is de mûne opnij restaurearre.

By Tsjom stiet noch in twadde spinnekopmole, Teatlum.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]