Falun
| Falun | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 37.291 (2010) | |
| Oerflak | 27,17 km² | |
| Befolkingstichtens | 1373 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Sweden | |
| Provinsje | Dalarnas län | |
| Gemeente | Falun | |
| Oar | ||
| Webside | www.falun.se (de) (in) | |
Falun is in plak yn de gemeente Falun yn it lânskip Dalarna yn Sweden, yn de provinsje Dalarnas län, dêr't it ek de haadstêd fan is.
De rivier de Faluån rint troch de stêd. Noardwestlik leit de mar Varpan en súdeast fan de stêd de gruttere mar Runn.
Falun is ferneamd fanwege it Myngebiet fan de Grutte Koperberch, dat op de Wrâldergoedlist fan UNESCO stiet. Hoewol't de myn sels net mear yn bedriuw is, is Falun nog altyd in yndustrystêd fan belang.
Al yn de 11e ieu wienen boeren dwaande mei it winnen fan koper dêr't it gebiet sa ryk oan is. Troch it koper hawwe de Sweedske keningen yn de 17e en 18e ieu tal fan fjildtochten finansierje kind. Ein 17e ieu sette de delgong fan de koperdollerij al yn en yn 1992 waard der mei stoppe. Doe wie der sa'n heal miljoen kilo fan wûn. Troch de mynbou is der in gongestelsel fan wol 80 km lingte.
De houtyndustry is foar de mynbou yn it plak kaam. Fral doe't Falun oan it spoar kaam te lizzen, koe dy yndustry him goed ûntjaan. Fierders is Falun in sintrum foar nasjonale en ynternasjonale wintersportwedstriden.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Falun fan Wikimedia Commons. |