EyeToy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Playstation 2 mei EyeToy

De EyeToy is in digitale kamera, dy't wol wat hat fan in webkam, foar de PlayStation 2 en de PlayStation Portable. Mei help fan dy kamera kin de spiler sels meispylje yn it spultsje. Yn it earstoan wie de EyeToy makke troch Logitech, lettere ferzjes komme fan Nam Tai.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Spesifikaasje

De EyeToy kin mei in USB 2.0-ferbining oansletten wurde. Hy brûkt 50 mA en is 173 gram. De maten binne 44 mm × 53mm × 89mm en de kabel is 2m lang.

[bewurkje seksje] Skiednis

De EyeToy wie earst in idee fan Dr. Richard Marks, hy woe in webkam kombinearje mei Playstation 2. Hy wie lykwols net de earste mei it idee, want de Game Boy Kamera wie der al earder, lykas de DreamEye fan Sega. Mei it krêftigere Playstation 2 en modernere kamera's wiene der wol mear mooglikheden, dy't net kind hiene mei de Game Boy en Sega. SCEE London Studio die wat mei it idee, en kaam yn 2002 mei in konsept en fjouwer spultsjes. It idee wie in súkses en yn july 2003 waard de EyeToy mei it earste spultsje EyeToy: Play útbrocht.

[bewurkje seksje] Spultsjes

[bewurkje seksje] 2003

  • EyeToy: Play
  • EyeToy: Groove

[bewurkje seksje] 2004

  • EyeToy: Antigrav
  • Sega SuperStars
  • U Move Super Sports
  • EyeToy: Chat - in fideofoan-systeem dat brûkt wurde kin mei help fan in netwurkoanpassing.
  • EyeToy: Play 2
  • Disney Move
  • Nicktoons Movin'

[bewurkje seksje] 2005

  • EyeToy: Monkey Mania
  • EyeToy: Kinetic
  • EyeToy: EduKids
  • EyeToy: Play 3
  • EyeToy: Operation Spy
  • Clumsy Shumsy (Phoenix Games Ltd.)

[bewurkje seksje] 2006

  • Rhythmic Star

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen