Esvelderbeek

Ut Wikipedy

De Esvelderbeek of ek wol Esvelder Beek is in streamke yn Gelderlân. De beek begjint in pear kilometer ten east-noardeasten fan Barneveld, dêr't de Garderbroeksche Beek en de Grutte Beek by elkoar komme. De beek stroomt yn westlike rjochting, foar in grut part min ofte mear bylâns it spoar Apeldoorn-Amersfoort. By Hoevelaken stroomt de Esvelderbeek yn de Barneveldse Beek. Dêr't de beek de A30 passeart, is in natoergebiet oanlein, dat ek "Esvelderbeek" hjit.

De Esvelderbeek wurdt beheard troch it wetterskip Vallei en Eem. It wetterskip hat yn 2004 de stuwen fernijd en fisktreppen, oanlein foar in ekologyske ferbiningssône.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]