Epo Sjuck fan Burmania

Ut Wikipedy

Epo Sjuck fan Burmania (Koarnjum, 31 oktober 1698 - Ljouwert, 1 febrewaris 1775) wie in Fryske regint.

Hy studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer, wie ûntfanger-generaal en boargemaster fan Dokkum (1738-1768) en lid fan Deputearre Steaten. Fan Burmania wie in oanhinger fan prins Willem IV, krektas syn freon Wybrand fan Itsma. Dy (en net Burmania) skreaun it oranjistyske Schuite- en Jagtpraatjes. Brieven fan Fan Burmania oan de Oranjes wurde bewarre yn it Keninklik Hûsargyf.

Epo Sjuck wie neist magistraat mei in soad ynfloed ek keunstleafhawwer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Burmania, Epo Sjuck van .
  • Nieuw Nederlands Biografisch Woordenboek IV side 362 (Leien 1911-1937)
  • J.J. Kalma - Repertorium Frieslands Verleden (Ljouwert 1955)