Edda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Edda.jpg

De Edda is in samling fersen út de Germaanske mytology dy't yn de 13e ieu yn Yslân opskreaun is ûnder ynfloed fan it kristendom. De ferzen binne lykwols âlder en komme nei alle gedachten út it tiidrek tusken de 9e en 12e ieu of noch earder. In part fan de ferhalen oer de goaden en minsken dy't yn de ferzen ferteld wurde is mooglik noch folle âlder, want der binne oerienkomsten fûn tusken de Feda's en de Edda. It wurd Edda betsjut wierskynlik Oeropoe, mar wis is dat net.

De Edda fertelt it ferhaal oer it ûntstean fan de Germaanske goadewrâld. Fierders gean de ferhalen oer de goadefamyljes en harren ûnderlinge ferhâldings en wat der allergearre foarfalt, en hoe de goaden en harren wrâld ta in ein komme sille. Yn in lytser part binne ferhalen oer helden opnaam. Yn it oarspronklike hânskrift hat dêr ek de Wolsungensage byheard, mar yn de Codex Regius, de ienichste oerbleaune kopy, misse op dat plak acht siden, dat der is mar yn lyts stikje fan oerbleaun.

Njonken de poëtyske Edda bestiet der ek noch de jongere proaza-Edda, skreaun troch de hofdichter (skald) Snorri Sturluson (1179 - 23 septimber 1241).

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Goadelieten
  1. Völuspá (De foarsizzing fan de sjenster)
  2. Hávamál (It liet fan de Hege)
  3. Vafþrúðnismál (It liet fan Wafthrudnir)
  4. Grímnismál (It liet fan Grimnir)
  5. Skírnismál (De reis fan Skirnir)
  6. Hárbarðslióð (It Harbard-Liet)
  7. Hymiskviða (It liet fan Hymir)
  8. Lokasenna (Loki’s skellerij)
  9. Þrymskviða (De ballade fan Thrym)
  10. Völundarkviða (De ballade fan Völund)
  11. Alvíssmál (It liet fan Alvis)
  12. Baldrs draumar (Balders dreamen)
  13. Svipdagsmál (It liet fan Swipdag)
  14. Rigsþula (It liet fan Rigs)
  15. Hyndlulióð (It liet fan Hyndla)
  16. Gróttasöngr (De sang fan Grotta)
Heldelieten
  1. Helgakviða Hjörvarðssonar (De ballade fan Helgi Hjörvardsson)
  2. Sinfiötlalok (De ein fan Sinfiötlis)
  3. Sigurdarkviða Gripisspá (De foarsizzing fan Gripir)
  4. Fafnismál (It liet fan Fafnir)
  5. Sigrdrífumál (It liet fan Sigrdrifa)
  6. Brot af Brynhildarkviða (Fragmint fan de ballade fan Brunhilde)
  7. Helreið Brynhildar (Brunhildes hellefeart)
  8. Guðrúnarkviða in fyrsta (De earste ballade fan Gudrun)
  9. Drap Niflunga (De moard op de Nevelingen)
  10. Guðrúnarkviða in önnur (De twadde ballade fan Gudrun)
  11. Guðrúnarkviða in þriðja (De tredde ballade fan Gudrun)
  12. Oddrúnargrátr (It kleiliet fan Oddrung)
  13. Atlakviða (De ballade fan Atli)
  14. Altlamál (It Grienlânsk Atliliet)
  15. Guðrúnarhvöt (Gudrun hiset har soan+nen op)
  16. Hamðismál (It liet fan Hamdir)
  17. Hlöðskviða (De ballade fan Hlöd)
  18. Hervararljóð (It liet fan Herwör)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]