Echte spjochtpappegaaien

Ut Wikipedy
echte spjochtpappegaaien
In Sclaters spjochtpappegaai (Micropsitta pusio)
In Sclaters spjochtpappegaai (Micropsitta pusio)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: lânfûgels (Telluraves)
sûnder rang: súdfûgels (Australaves)
sûnder rang: falkfoarmigen (Eufalconimorphae)
sûnder rang: mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae)
skift: pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
boppefamylje: pappegaaien (Psittacoidea)
famylje: pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae')
ûnderfamylje echte pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculinae)
tûke spjochtpappegaaien (Micropsittini)
skaai echte spjochtpappegaaien (Micropsitta)

De echte spjochtpappegaaien (Micropsitta) binne in skaai fan de tûke fan de spjochtpappegaaien yn de famylje fan de pappegaaien fan de Alde Wrâld. Hja hjitte fan spjochtpappegaaien om hja de sturt stram hâlde, sa't in spjocht dat ek docht. De fûgels binne mar lyts; der binne gjin soarten yn 'e famylje dy't lytser binne as de spjochtpappegaai. Fral, der is gjin lytsere soarte as Sclaters spjochtpappegaai (M. pusio), dy't net langer as 8 sm. wurdt.

Fersprieding en wengebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle spjochtpappegaaien binne lânseigen yn de bosken fan Nij-Guineä.

Wize fan libjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It binne fluch beweegjende fûgels, dy't har fluch troch it beamtegrien en de tûken ferpleatse.

Finzenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spjochtpappegaaien kinne feitlik net yn finzenskip hâlden wurde; hja geane rillegau dea fan de stress. Wat it eigentlike probleem is witte de minsken net: de fûgels binne yn de natuer koarstmoas-iters, mar wat der ek betocht wurdt as alternatyf is blykber nea goed genôch om harren yn libben te hâlden.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]