Duorsume ûntwikkeling

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Duorsume ûntwikkeling is ûntwikkeling dy't oanslút op de behoeften fan tsjintwurdich sûnder it fermogen fan takomstige generaasjes om yn harren eigen behoeften te foarsjen yn gefaar te bringen, neffens de definysje fan de VN-kommisje Brundtland út 1987.

Duorsumheid giet oer de krapte fan de natuerlike helpboarnen dêr't wolfeart mei fuortbrocht wurdt, net allinnich no mar ek yn de takomst. De oerflakte fan de ierde iseinich; grûnstoffen kinne op reitsje; en de opnamekapasiteit fan de atmosfear en ús natuerlike omjouwing hat har grinzen.

De termen duorsumheid en duorsum komme oarspronklik út de boskbou. Letter waarden se ek yn de fiskerijbiology brûkt. Yn beide gefallen wie de betsjutting besibbe mei begrippen út de ekology. It gie der om de natoer sodanich te behearen dat de natoerlike struktueren en prosessen net prinsipieel oantaaste waarden. Konkreet: oan fiskgrûnen moch net mear fisk of hout ûntlutsen wurde as der troch natuerlike oanwaaks fansels wer bykomme soe. It respektearjen fan dizze ‘gebrûksromte’ betsjut dat ek takomstige generaasjes der gebrûk fan meitsjen bliuwe kinne.

By dorsume ûntwikkeling is dus sprake fan in ideaal lykwicht tusken ekologyske, ekonomyske en sosjale belangen. Alle ûntwikkelingen dy't op technologysk, ekonomysk, ekologysk, polityk of sosjaal flak bydrage oan in sûne ierde mei wolfarrende bewenners en goed funksjonearjede ekosystemen binne duorsum.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]