Draainekke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Draainekke
Jynx torquilla vlaskop cropped.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Piciformes (Spjochtfûgels)
Famylje: Picidae (Spjochten)
soarte
'Jynx torquilla'

De draainekke (Jynx torquilla) foarmet, mei de readkieldraaihals (Jynx ruficollis, in Afrikaanske soarte), in ûnderfamylje fan de spjochten.

Beskriuwing[bewurkje seksje | edit source]

Draainekke
Jynx torquilla

De draainekke is in fûgel dy't tige op himsels libbet. De fûgel hat in tige goede skutkleur fan brune, swarte en grizige streken yn it patroan fan beamskors. Hy sit faak op de grûn of op in horizontale tûke en wurdt faak oer de holle sjoen.
Syn tonge is lang en kleverich. Hy kin syn hals lykas in slang rekke en syn kop leafst 180 graden draaie yn eltse rjochting. De fûgel hat in lingte fan 17 cm en in spanwiidte fan 26 cm. Yn de briedperioade falt er op troch in krêftich, falkeftich lûd: kwi-kwi-kwi, wêrby't de toanhichte fan de earste twa klanken oprint.
Hy briedt yn in grut part fan Europa, Noardwest-Afrika en yn Aazje oant de Sina en Japan ta. Hy is de ienige trekfûgel ûnder de spjochten en oerwintert yn tropysk Afrika.

Foarkommen en status yn Nederlân en Belgje[bewurkje seksje | edit source]

De draainekke is in seldsume briedfûgel yn Nederlân, komt meast op de Feluwe foar, en noch wat oare plakken mei bosk op sângrûn. It tal briedpearen wie om 2000 hinne net mear as 65.[1] Der binne (yndirekte) oanwizings dat it oantal draainekken yn de 20e ieu slim sakke is.[2] Dêrom stiet de fûgel as slim bedrige op de Nederlânske reade list en de Flaamske reade list. Omdat de fûgel yn in mânsk gebiet foarkomt, is it ynternasjonaal besjoen gjin bedrige bist en sadwaande stiet er as feilich op de IUCNlijst.
As trekfûgel wurde mar in lyts oantal draainekken waarnaam; fral op de maitiidstrek yn april en maaie, mar der binne ek wol waarnimmingen yn de neisimmer.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Gebieten dêr't de Draainekke foarkomt.
Oranje: yn de simmer,
Grien: fêste bewenner,
Blau: yn de winter

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. SOVON - Verspreiding en aantalsontwikkeling van de Draaihals in Nederland
  2. 2,0 2,1 Bijlsma, R.G., F. Hustings & C.J. Camphuysen, 2001. Avifauna van Nederland 2. ISBN 90-74345-21-2