Draaibrêge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
MovableBridge swing.gif
Bridges-z-rotate.jpg
Draaibrêge spoar Alphen oan de Ryn

In draaibrêge is in beweechbere brêge dy't iepen en ticht giet troch te draaien om in fertikale z-as. De boppekant fan de brêge beskriuwt in sirkelbôge as de brêge iepen giet. Dêrom moatte de lânhaden en it ryddek oan de uteinen de foarm fan in sirkel hawwe. Foardat de brêge iependraaid wurde kin, wurdt dizze losmakke troch de fizels dêr't de brêge op rêstet nei ûnderen ta te bewegen, de saneamde opset ynrjochting. Yn tichte tastân wurdt de brêge troch dizze fizels fergrindele.

In draaibrêge kin bestean út twa likense earmen, dsadat twa trochfeartiepenings ûntsteane wêrby't it draaipunt fan de brêge op in eilân leit. As ien trochfeartgat genôch is, sil in ûngelykearmige draaibrêge makke wurde. Dan moat, om op it meganyk in likense belêsting te krijen, in kontragewicht tafoege wurde oan de koarte earm fan de brêge.

In draaibrêge hat as foardiel dat der in wide trochfeart ûntstiet sûnder beperking yn de trochfeart- en trochrydhichte, wylst de brêge dochs hurd iepen en ticht gean kin. Draaibrêgen binne ûnder oaren yn:

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Swing bridges en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.