Douwe Uninga fan Hoytema

Ut Wikipedy

Douwe Uninga fan Hoytema (De Jouwer ? - ?, 1541) wie grytman fan Haskerlân.

Douwe wie in soan fan Botte Hoytes fan Hoytema en Tjets Ulckesdr Douma fan Oenema. Troude mei Doedt fan Sjaerda, dochter fan Goffe fan Sjaerda en Teth Hobbesdr fan Epinga. Se krigen twa bern: Hoyte Uninga fan Hoytema en Teth Douwesdr Uninga fan Hoytema.

Teth wie troud mei Oene fan Groustins, soan fan Idzart fan Groustins en Tjets fan Oenema. Douwe troude foar in twadde kear mei syn nicht Wilsck Idzartsdr fan Douma, dochter fan Idzart Janckes fan Douma en Gaets fan Popma. Ut dit houlik fermoedlik Wilsck Douwesdr Uninga fan Hoytema, † 1566, begroeven yn Dronryp.

Wilsck is troud yn 1540 mei Laes fan Glins, † 1566, begroeven yn Dronryp, soan fan Taecke fan Glins en Habel Haringsdr fan Harinxma.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]