Douwe van der Ploeg
Douwe van der Ploeg folút Douwe Taeke Engelbertus van der Ploeg (Burgum, 28 maart 1919 - Snits, 20 septimber 2006) wie in ferneamd biolooch op it mêd fan fûgel- en plante-ûndersyk.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Douwe van der Ploeg hat altyd mei natuerûndersyk dwaande west, wie autodidakt, mar wurke yn it ûnderwiis. Foar syn pensjoen wie hy direkteur fan de Pedagogyske Akademy fan Snits.
Van der Ploeg wie bekend as fjildbiolooch, benammen op it mêd fan stinzeplanten, siggen, bearzerûch en Hynsteblommen. Der is sels in hynsteblom "Taraxacum Ploegii" nei him neamd. Bûten florist, fûgelman en natuerbeskermer, wie hy tige thús yn de geakunde en nammekunde. Tegearre mei Douwe Franke hat hy de Fryske plantenammen wiidweidich yn kaart brocht. Hja krigen dêrfoar de dr. Joast Halbertsmapriis yn 1956.
Van der Ploeg hat him tige ward yn de natuerbeskerming. Yn 1947 wie hy ien fan de oprjochters fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten ( BFVW ). Hy hat 25 jier foarsitter west fan it Biologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Yn de spesjaal foar de publikaasjes op it mêd fan flora, fauna ynstelde Botke-rige sitte de measte publikaasjes van Van der Ploeg.
As foarsitter fan de "Stichting Avifauna Fryslân" publiseare hy yn de santiger jierren it trijedielige standertwurk "Vogels in Friesland". Nei dizze searje publisearre Van der Ploeg jierrenlang syn plantefynsten yn it tydskrift Vanellus, dêr't er ek redakteur fan west hat.
Van der Ploeg hat 40 jier (1953-1993) bestjoerslid west fan It Fryske Gea. Neist bestjoerslid siet hy ek tweintich jier yn de Behearskommisje. En yn 1993 hat Van der Ploeg alle natuergebieten yn it Hânboek natuergebieten "Door It Fryske Gea" beskreaun.
By it ôfgean as bestjoerslid waard de "Sulveren Swanneblom" oan him takend.
Hy is seker fyftich jier de autoriteit op it mêd fan planten west yn Fryslân. Eltse jonge ûndersiker kaam út by Van der Ploeg, of by syn standertwurk Atlas fan de Floara fan Fryslân út 1977.
Van der Ploeg waard mear as ien kear lauwere foar syn wurk, bygelyks mei de Dr. Joast Halbertsmapriis yn 1956 en de Heimans en Thijsse Priis yn 1985. Taraxacum ploegii is nei Van der Ploeg ferneamd.
Yn it tydskrift Gorteria 35-5 (28 oktober 2011) ferskynde in artikel dêr 't yn foarsteld wurdt om de Carex-hybride Carex otrubae C. paniculata de nije namme Carex-ploegii te jaan, ta neitins oan Van der Ploeg, dy 't in soad omtinken jûn hat oan carices en Carex-hybriden. Van der Ploeg wie tegearre mei inkelde oaren ferantwurdlik foar de earste fynst fan dy hybride yn Nederlân.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Plantenammen yn Fryslân - 1955 ( mei Douwe Franke )
- De floristiek fan Eastlik Fryslân - 1960 mei Douwe Franke )
- De Flora fan de Fryske sângrûnen - 1963 ( mei Douwe Franke )
- Kind, School en natuur - 1963, 1974 ( mei M. Baaijens en G. de Jong )
- Wylde Floara - 1965
- Stinzeplanten yn Fryslân - 1967
- Vogels in Friesland - ..
- Botke-rige
- Atlas fan de Floara fan Fryslân - 1977
- Hânboek natuergebieten "Door It Fryske Gea" - 1993
- Op planten net útsjoen - 1996
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|