Dornier Do 335

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lêst bewarre bleaune Dornier Do 335 yn it Udvar-Hazy/National Air and Space Museum, Washington, DC
Dornier Do 335 Pfeil
Do 335 dy't 1945 teste waard yn de FSA

De Dornier Do 335 Pfeil („Pylk“) wie in Dútske jager/bommesmiter út de Twadde Wrâldkriich dy't makke waard troch Dornier. It tastel hie twa linemotoren, ien yn de noas en de oare mids yn de romp. De achterste motor hie in ferlingde as fan 3 meter nei de propeller efter de sturt.

De prestaasjes fan de Pfeil wiene folle better as dy fan oare twamotorige fleantugen. Dat siet him yn de lûk- en triuwpropeller en de folle legere luchtwjerstân dy't berikt waard mei it efter elkoar pleatsen fan de motors.

De earste flecht fan it prototype wie op 26 oktober 1943 fanôf fleanfjild Mengen-Hohentengen. Yn 1944 en 1945 ûntstiene der ferskate útfierings: jager, jachtbommesmiter en ferkenner. It tastel hie in sjitstoel.

Totaal waarden der, prototypen meirekkene, sa'n 40 stiks fan de Do 335 boud, wêrfan't mar in pear feitlik brûkt waarden.

Technyske feiten (Do 335 A-1)[bewurkje seksje | edit source]

  • Bemanning: 1
  • Mjitten
    • Hichte: 5,00 m
    • Langte: 13,85 m
    • Spanwiidte: 13,80 m
    • Fleugeloerflak: 38,50 m²
  • Gewicht
    • Gewicht leech: 7400 kg
    • Maks. startgewicht: 9600 kg
  • Oandriuwing
    • Twa V-12-motoren Daimler-Benz DB 603 E fan 2000 Hk (by de start) 1740 HK op 6000 m hichte
Alternative oandriuwing twa DB 603 A fam maksimaal 1750 Hk by de start en 1680 HK op 5700 m hichte
  • Prestaasjes
    • Maks. faasje : 765 km/o op 6400 m
    • Maks krúsfaasje : 685 km/o op 7100 m
    • Klimtiid nei 8000 m hichte: 14,3 min
    • Klimfaasje: 11 m/s
    • Tsjinstplafond: 11.400 m
    • Fleanberik: 1800 km (mei reservetanks)
  • Bewapening
    • ien 30-mm-kanon MK 103, dy't troch de propelleras skeat
    • twa 20-mm-kanon MG 151/20 boppe de foarste motor
    • 500 kg bommen yn de romp, as ekstra branjetank
    • twa 250-kg-bommen of twa 300-l-branjetanks oan de fleugels

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]