Donald Duck

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Donald Duck

Donald Duck, folút Donald Fauntleroy Duck, berne op freed 13 maart 1914 yn de omkriten fan Duckburg, Calisota, yn de Feriene Steaten fan Amearika, is de soan fan Quackmore Duck en Hortense McDuck. Hy is in tekenfilm- en tekenteltsjefiguer fan de Walt Disney Studio. Syn karakteristike stimme yn de films waard dien troch Clarence Nash.

Karakter[bewurkje seksje | edit source]

Donald Duck wurdt foar it earst neamd, as in freon fan Mickey Mûs, yn 1931 yn "More HooZoo", mar earst 9 juny 1934, yn "The Little Hen", waard er ek tekene, as in einfûgel mei in blau matroazepakje, en in net al te bêst karakter.

Earst wie Donald in byfiguer yn ferhalen fan Mickey Mûs, mar mei't Mickey Mûs mear de respektabele Amerikaanske húsfader waard, krige Donald de rollen dy Mickey net mear spylje koe. Fral mei't yn 1942 Carl Barks begûn Donald Duck foar tekenteltsjes te tekenen, krige Donald in dúdlik karakter. Hy is in eigenwizeling, in hoattelstoat en in healwizeling, en as er ien kear troch de wrâld, of troch syn eigen aksjes, yn 'e lytse loege rekket, dan wit er altyd wol in plan te betinken dêr't er noch fierder mei yn de problemen komt.

Bertedei[bewurkje seksje | edit source]

Ut de ferhalen is út te finen dat Donald op freed 13 maart berne is. Syn bertejier moat earne om 1920 hinne wêze. De twa jierren om 1920 hinne mei in freed 13 maart binne 1914 en 1925. Om't er yn 1934 yn "The Little Hen" lykwols al grut is, liket 1914 it oannimlikste bertejier. Yn in ferminging fan fantasij en wurklikheid brûkt de Walt Disney Studio no it jier fan syn earste optreden, 1934, as bertejier, mar hâldt meast fêst oan de bertedei 13 maart om't Donald yn de ferhalen op die dei syn jierdei hat.

Oare figueren[bewurkje seksje | edit source]

Katryn[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1937 komt yn in part fan de ferhalen in grutte leafde foar, sûnt 1940 Katryn Duck. As Donald wer wat úthellet dan seit Katryn him krekt wêr it op stiet. Mar as er dan besocht hat it wer yn oarder te meitsjen, is der somtiden in lokkich ein oan it ferhaal.

Omkesizzers[bewurkje seksje | edit source]

Ek sûnt 1937 komt de trjilling Kwik, Kwek en Kwak yn de ferhalen foar; jonkjes fan syn twillingsuster Della Duck, dy't by him te wenjen kamen. Bytiden kinne sy harren omke rêde út hokfoar problemen er wer yn telâne kaam is. Mar oare kearen hat er spul mei harren, en dan krijt er eltse smoarge streek in trijefâld wer werom.

Omke Dagobert[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1947 is der ek syn omke Dagobert Duck, de rykste einfûgel fan 'e wrâld. Hy is de oarsaak fan in protte fan Donalds problemen, om't er om jild te sparjen faak wurk oan Donald jout; dy kin net wegerje om't er famylje is, en kin net folle lean freegje om't net sa folle kin. Spitigernôch binne it stiiffêst baantsjes dy't Donald net oankin, sa't syn omkesizzers him wer út de problemen helje moatte.

Populêrens[bewurkje seksje | edit source]

It is in fraach wêrom Donald Duck sa populêr is, wylst it dochs gjin aardich persoan is. Mar al binne de problemen dy't er hat ekstremer as uzes, se binne foar ús werkenber, en somtiden soenen wy graach sa reagearre sa't Donald dat docht. Wy dogge dat ús deistich libben nét, mar we kinne sjen dat hy, al er it ál docht, allinnich mar fierder yn de problemen komt.

Sa jout Donald ús de erfaring dat nederigens in deugd is, sûnder dat wy om dat te learen sels troch it fjoer gean moatte. Mar om't wy itselde as hy dien hawwe koenen, hawwe wy doch begrutsjen mei Donald, dy't al sa docht, en sa yn ús stee eltse kear yn de problemen komt.

Frysk[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2006 waarden der plannen makke om Donald Duck yn it Frysk oer te setten. It soe oant 2012 duorje eart de earste folslein Frysktalige Donald Duck ferskynde by de Afûk, oerset troch Anne Tjerk Popkema.