Dom fan Lübeck
De Dom fan Lübeck (Dútsk: Lübecker Dom) wie de earste grutte bakstiennen tsjerke dy't boud waard oan de Eastsee en heart mei in lingte fan 130 meter ta de langste bakstiennen tsjerken. Yn it jier 1247 waard de tsjerke ta katedraal wijd. Krekt as de domtsjerke fan Braunschweig draacht de dom fan Lübeck it patrocinium fan de hilligen Jehannes de Doper en Blasius. Dêrnjonken binne ek Marije en Nikolaas patroanhilligen fan de tsjerke .
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de biskopssit fan Oldenburg nei Lübeck ferhûze, liet Hindrik de Liuw fan ôf it jier 1173 de tsjerke as katedraal fan it nije bisdom Lübeck bouwe. De tsjerke waard as katedraal oan Jehannes de Doper en as parochytsjerke oan de hillige Nikolaas wijd. Omtrint 1230 kaam de bou ree en fan 1266 oant 1335 folge de ferbou ta in goatyske halletsjerke, wêrby't de sydskepen op de hichte fan it middenskip brocht waarden. Ek yn it midden fan de 14e iuw fûn ûnder biskop Hindrik II Bochholt (1317–1341) de ferlinging fan it eastlike goatyske koar plak. De biskop sels waard letter yn it midden fan it koar byset ûnder in opfallende messing grêfsark, dy't getten waard troch Hans Apengeter. Mei dizze ferlinging waard de lingte fan de katedraal ferdûbele. De romaanske apsis waard nei it reekommen fan it goatyske koar oant op de fûneminten ôfbrutsen. It ûnderskie tusken de beide boufazen is foar elk dúdlik ôf te lêzen: it âldere boudiel wurdt troch swiere, rjochthoekige pylders droegen, it jongere goatyske koar troch slanke, rûne pylders.
Oan de reformaasje wie de it domkapittel hearrich oan de biskop. Nei de reformaasje wie de domtsjerke oant 1803 eigendom fan de stêd en it domkapittel. Mei de sekularisaasje waard it kapittel opheven en kaam de tsjerke foar 100% yn hannen fan de stêd. De kapittelgebouwen fan de dom krigen ein 19e iuw de funksje fan museum. Fan 1897 oant 1919 wie de domtsjerke de tsjerke fan it yn Lübeck stasjonearde garnizoen.
Stoarm en floed hawwe de dom yn de rin fan de iuwen fakentiden skansearre. Yn 1611 moast de noardlike spits fan de toer ferfongen wurde en om 1766 hinne waarden de lytsere sydtuorren ôfbrutsen.
Palmpeaske 1942
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de swiere bombardeminten op de stêd yn de nacht fan 28 nei 29 maart 1942, wêrby't in fyfde fan de histoaryske binnenstêd ferwoastge waard en meardere bommen yn de buert fan de tsjerke ynsloegen, stoartte it eastlike ferwulft fan it heechkoar yn en gyng it heechalter út 1696 ferlern. De brân fan it dommuseum sloech oer nei it dak fan de domtsjerke. Tsjin de middei fan Palmpeaske stoartten de beide spitsen del en it Walcker-oargel út 1893 achter it oargelfront fan Arp Schnitger út 1699 baarnde finaal ôf. Der koene lykwols grutte dielen fan it ynterieur feilich steld wurde. Hjirûnder it triomfkrús en hast alle midsiuwske fleugelalters. Troch de kriichsskea stoartte yn 1946 ek de gevel fan it noardlike dwersskip yn. Hjirtroch waard ek de foarhal folslein troch it delfallende pún ferneatige.
De midsiuwske krúsgong op de súdlike kant fan de tsjerke grinzget oan it Museum für Natur und Umwelt en it argyf fan de hanzestêd Lübeck.
Weropbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De weropbou duorre desennialang, om't alle omtinken earst nei de weropbou fan de Lübecker Marienkirche gyng. It begjin waard makke mei de weropbou fan de tuorren en it westlike diel fan de tsjerke. Dêrnei folge it eastlike koar en lang om let de foarhal oan de noardlike kant fan de domtsjerke. De weropbou waard pas yn 1982 ôfsletten.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domtsjerke hie en hat fan alle tsjerken yn Lübeck op de Marienkirche nei it rykste ynterieur.
- It 17 meter hege triomfkrús is in wurk fan de keunstner Bernt Notke en waard yn opdracht fan biskop Albert II Krummendiek makke. Yn 1477 krige it in plak yn it skip fan de tsjerke.
- It doopfont fan Lorenz Grove út 1455 ferfong in stiennen doopfont dat op it Sweedske eilân Gotland makke wie. Oant 1942 stie it doopfont foar it oargel by de yngong oan de westlike kant fan de tsjerke, by de weropbou nei de Twadde Wrâldkriich kaam it doopfont yn de nije doopkapel tusken it doksaal en it eastlik koar telâne.
- De renêssânse-kânsel waard yn 1586 troch dûmny Dionysius Schünemann skonken en is in Flaamsk wurk. De foet fan de kânsel is in byld fan Moazes en de kûp is mei reliëfs dekorearre mei foarstellings út it libben fan Kristus. It klankboerd mei in byld fan de opstiene Hear stamt út 1570. De trep waard yn 1731 yn let-barokke styl fernijd. It smij-izeren hek waard yn 1572 troch in bruorskip skonken.
- It doksaal draacht oan de súdlike kant in grut oerwurk út 1628 en is fersierd mei de bylden fan de patroanhilligen. It housnijwurk oan it doksaal is ôfkomstich fan Bernt Notke.
- Sûnt de Twadde Wrâldkriich befynt it ferneamde alter fan Hans Memling út de Greveraden-Kapelle yn it noardlike sydskip yn de samling fan it St.-Annenmuseum. Fan de yn 1920 noch sân bewarre retabels fan foar de reformaasje, binne no noch fiif oanwêzich yn de dom. Hjirûnder it fleugelalter Marien mit der Einhornjagd (Marije mei de Ienhoarn) út 1506; it Laienaltar (lekenalter) út 1477 fan Bernt Notke; it Heiligen-Leichnamsaltar (Alter fan it Hillige Lichem) út 1460; it Altar der Maria-Magdalene (Maria-Magdalena-alter) út 1420 en it Altar der kanonischen Tageszeiten út it begjin fan de 16e iuw.
- Njonken in grut tal portretten binne der twa grutte skilderijen, dy't beide út de 17e iuw datearje. Ien toant de hillige Kristoffel (1665) en hinget boppe it portaal fan it noardlike sydskip nei de foarhal. It oare, de Jammerklacht fan Kristus oan de ûntankbere wrâld", wurdt op it ein fan de 17e iuw datearre.
- Alle ramen waarden yn 1942 ferneatige en yn de finsters waarden nei de kriich foar de haadsaak ienfâldige glês-yn-leadramen pleatst.
- Nei de reformaasje waarden in soan sydkapellen ta grêfkapellen foar leden fan it domkapittel ferboud.
- Oan de muorren binne noch in soad epitafen út de perioade 1459-1829 te sjen.
- Der binne twa grutte bylden fan Maria in de dom. De âlste stamt út 1450, doe't de Marietidenkapelle foltôge waard dêr't alle dagen Marije-tsjinsten plakfûnen. Hjoeddedei stiet dit byld yn in nis fan it noardlike dwersskip. It oare byld wurdt de Schöne Madonna neamd en is yn 1509, dus noch krekt foar de reformaasje, ûntstien.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1942 stie yn it westen fan de tsjerke in grut oargel, dat op in instrumint út de jierren 1696-1699 werom gyng en oarspronklik troch Arp Schnitger boud waard. It oargel hie 45 registers en wie it grutste instrumint fan Schnitger yn Sleeswyk-Holstein en waard troch bekende organisten en komponisten as Dietrich Buxtehude en Georg Friedrich Händel bespile en mûlk ek noch troch Johann Sebastian Bach. De firma E.F. Walcker ferfong dit oargel troch in nij instrumint, mar it âlde oargelfront bleau dêrby bewarre.
Yn 2012 naam de tsjerkeried it beslút foar de bou fan in nij oargel, dat foarsjocht yn in gruttendielse rekonstruksje fan it Schnitger-oargel. Oan de hân fan âlde ôfbylden wurdt ek de âlde oargelkast rekonstruearre. It is it doel dat it oargel in plak krijt yn it westlike diel fan de tsjerke op in doksaaleftige bôge.
It hjoeddeiske oargel waard yn 1970 troch de Deenske oargelfirma Marcussen & Søn út Åbenrå boud. Dit instrumint krige in plak oan de muorre fan it noardlike sydskip. It hat 47 registers en twa nevenregisters ferdield oer trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.
Njonken dit oargel is der nog in barok instrumint fan Biaggio di Rosa út it jier 1777. Dit oargel is eigendom fan de muzykhegeskoalle fan Lübeck en mobyl. It hat 10 registers. Yn 2000 waard it wurk troch Jürgen Ahrend Orgelbau út Loga renovearre. It oargel is noch orizjineel en ek de registers binne noch allegear oarspronklik.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In klok út 1315 is yn fiere omkriten de âldste tsjerkeklok en waard yn 1912 oan it museum ôfjûn. Dizze klok krige letter in plak yn de Katarinenkirche. De klokken dy't no yn de tuorren hingje waarden allegear getten troch de klokkenjitterij Rincker út Sinn. Ien klok is lykwols noch histoarysk en stamt út 1481.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Triomfkrús
-
Doksaal
-
Preekstoel
-
Alter fan it skippersgild fan de Stecknitz
-
Epitaaf Ludwig Pincier (1561-1612)
-
Barok oargel Biaggio di Rosa
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Webstee fan de domtsjerke
- (dú) Disposysje oargels
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|