Doarpstsjerke (Súdhorn)

Ut Wikipedy


Doarpstsjerke fan Súdhorn
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Noardhorn
adres Kerkstraat 18
koördinaten 53° 14' N 6° 24' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Herf. gem.)
patroanhillige Sebastianus en Fabianus
Arsjitektuer
boujier 12e eeuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 41079 [1]
Webside
Side doarpstsjerke fan Súdhorn
Kaart
Doarpstsjerke (Grinslân)
Doarpstsjerke

De Doarpstsjerke oan 'e Kerkstraat is in protestanske tsjerke yn Súdhorn.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklik oan Sebastianus en Fabianus wijde tsjerke giet werom op 'e 12e iuw. It âldste diel fan 'e tsjerke is de toer, dy't 12e-iuwsk is.[2] Yn 'e 15e iuw folge de eastlike ferlinging fan 'e tsjerke mei it trijesidige koer. Yn 'e 16e iuw waard 'e tsjerke ferboud ta krústsjerke troch de tafoeging fan in transept. De hege, achtsidige spits op 'e toer waard yn 'e 17e iuw boud.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

It tsjerkemeubilêr (preekstoel en dooptún, banken, hearebank) is 17e-iuwsk. Foar de preekstoel oer steane hearebanken mei yn it opsetstik it wapen fan de famylje Kant. It opsetstik heart eins by in oare bank, dy't eartiids yn it koer stie mar nei de ynrjochting fan 'e konsistoarje yn it koer nei de konsistoarjewand ferhûze.

Yn 'e tsjerke hingje twa roubuorden: in rouboerd foar Maurits Clant, ferstoarn yn 1734, en in rouboerd fan Bouwina Clant, ferstoarn yn 1704. Oer de flier lizze ferskillende sarken. De sarken krigen by de restauraasje fan 'e tsjerke yn 2000 in oer plak. De âldste sark datearret fan 1534.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tsjerke is in oargel fan Frans Casper Snitger, de pakesizzer fan Arp Schnitger en syn meiwurker Heinrich Hermann Freytag. It as ienmanualich oargel mei oanhongen pedaal waard troch Petrus van Oeckelen yn 1877 ferboud en Van Dam en Dekker yn 1924 feroare, sadat it oarspronklike ynstrumint syn karakter ferlear.

Neffens in rapport dat al yn 1973 troch Klaas Bolt skreaun wie, waard yn 'e 21e iuw besletten ta in rekonstruksje fan it oargel fan 1793. It wurk waard troch Mense Ruiter útfierd en yn 2013 foltôge.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: