Deade Hûn

Ut Wikipedy
Iemmar mei eilân Deade Hûn

Deade Hûn (offisjeel De Dode Hond) is in keunstmjittich eilân yn de Iemmar. Bestjoerlik falt it ûnder de gemeente Blaricum (provinsje Noard-Hollân).

Fan de A27 ôf is it an de rjochterkant te sjen as men yn de rjochting Almere oer de Stiftse Brêge rydt. It eilân is opspuite by de oanlis fan de polderdyk fan Súdlik Flevolân. It is in moai natoergebiet wêrfan in grut part ûnbegeanber is.

Der kin oanlein wurde mei de boat, en der mei beperkt oernachte wurde. Op it eilân binne boerden wêrop ûnder oare stiet hoe't it eilân oan syn namme komd is. It ferhaal giet dat arbeiders, dy't dwaande wienen mei de drûchlizzing fan de Iselmarpolders in hûn hienen. Dy gie hommels dea en. om kosten te besparjen waard it karkas net nei it destruksjebedriuw stjoerd mar begroeven op it eilân. At men, sûnt dy tiid, eat op it eilân moast, waard sein “Ik gean efkes nei de Deade Hûn”. “En dat duorret oant de dei fan hjoed”.

Fûgeleilân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it flakby lizzende doarp Spakenburch stiet it eilân bekend ûnder de namme 'Fûgeleilân'. Dit hat syn oarsprong yn it doel fan it eilân as depot foar grûn dy't frijkaam by de oanlis fan de dyk fan Flevolân. Yn dy tiid fleagen in soad fûgels om it eilân om yn de krekt stoarte grûn om fretten te sykjen. In soad fûgelsoarten en oare bisten kinne hjir fredich libje.