De Waterwolf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemaal Wetterwolf

De Wetterwolf is in boezemgemaal yn de provinsje Grinslân.

De Wetterwolf, dat ien fan de grutste gemalen fan Nederlân is, stiet oan it Reitdiep by ot buorskip Lammerburen, in kilometer of twa ten noarden fan it doarp Oldehove, yn de gemeente Súdhorn. It gemaal stamt út 1920 en waard op 5 novimber fan dat jier offisjeel yn gebrûk nomd troch keninginne Wilhelmina. It wie it earste elektrysk oandreaun gemaal fan Nederlân. De Wetterwolf waard boud en beheard troch it wetterskip Electra. Fandêr dat it gemaal en de plak wêr't it gebou stiet ek faak mei dizze namme oantsjutten wurdt.

De Wetterwolf bemealt it noardwesten fan Grinslân en de kop fan de provinsje Drinte, op in peil fan -0,93 meter ten opsichte fan NAP. Dit peil wurdt it Electrapeil neamd, wylst ek de oantsjuttings Hunsingopeil en Westerkertierpeil yn omloop binne.

It gemaal hie fjouwer pompen, dy't yn totaal 4000 m³ wetter yn de minút útslaan koene. Yn 1997 is in fiifde pomp der by komd, dy't noch ris 500 m³ ferpleatse kin. Dit wie neich ta bestriding fan de ekstra wetteroerlêst as gefolch fan de boaiemsakking troch de winning fan ierdgas. De pompen wurde tsjintwurdich oandreaun troch dieselmotors.

It heech boppe it flakke lân oprizende gebou stiet op de monumintelist. Sûnt 1995 wurdt De Wetterwolf beheard troch it wetterskip Noorderzijlvest.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen