De Potten

Ut Wikipedy

De Potten is in rekreaasjegebiet yn Offenwier by de stêd Snits. It park bestiet út meardere strannen, in rekreaasjeplasse, jachthaven, restaurants, in fakânsjepark en ferskate oare foarsjennings en boskjes.

It gebiet leit om de Grutte en de Lytse Potten en leit op de fêste wâl oan de Paviljoenwei. Oer it wetter is it gebiet te berikken fia de Houkesleat en it Prinses Margrietkanaal. It park leit fuort oan de Snitser Mar.

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om de Wimplasse (djipte 6 meter), dy't net foar boaten tagonklik is, leit in grut strân mei ûnder oare boarterstastellen, in lytse boulevard, grutte sinnefjilden en in sanitêrgebou. Oan de eastside fan de plasse is in nudistestrân. Besuden de swimplasse stiet in útsjochtoer.[1] [2]

Oan de tagongswei leit boppedat in rekreaasjepark (RCN De Potten), dêr't in restaurant en ûnder mear kanoferhier te finen is.[3] Neist it Paviljoen, besuden de swimmar, fertrekt de pont rjochting it Starteilân. Tusken it paviljoen en de swimmar leit in jachthaven.

Berikberheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet is yn de Snitswike berikber fia de Snitsermarbus. De tichtstbysteande bushalte is oan de Fiifgeawei (line 235 en 768). It park is it bêste te berikken mei de fyts, boat of per auto. It park is frij tagonklik.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.naaktstrandje.nl/friesland/pottensneek/depottensneek.htm
  2. http://www.nfn.nl/wereld/europa/nederland/friesland/offingawier/de_potten_sneekermeer
  3. http://www.rcn.nl/centra/depotten/route.aspx
  4. http://sneekweekcamping.nl/