De Kromme Knilles

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Kromme Knilles is in shantykoar út Akkrum. It koar is oprjochte op 6 novimber 1997. De mear as 20 ‘sjongers’ bringe shanty's en seemanslieteren ûnder lieding fan Piet van den Broeck en wurde begelieden mei akkordeon en lûkharmoanika troch Teake Gras, Sieta Heida, Joke Arends en Jose Jonker.

It koar is neamd nei ien fan de reuzen (de oare wie Manke Meine) dêr't Akkrum syn ûntstean oan te danken hat. It krûme wetter tusken Akkrum en het Prinses Margrietkanaal: De Kromme Knilles.

Yn Akkrum trede de ‘sjongers’ jierliks op by de Shantydei op, de earste sneon fan septimber. Mar ek op 'Boot Holland' yn Ljouwert foar de bewenners fan Ielannen yn Snits en dy fan Leppehiem. Se wienen ek by de ûnthulling fan ‘de lampekape’ en fan it reuzebyld by Simmer 2000. Ek wienen der optredens op de Fryske Stjerrejûn en het bekende tv-programma De Wereld Draait Door. It koar brûkt kafee Kromme Knilles ( earder kafee Rorije ) as oefenromte.

By it tsienjierrich bestean ferskynde de CD Home from Sea (2007).

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels