Dûkerke

Ut Wikipedy
dûkerke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift dûkereftigen (Podicipediformes)
famylje dûkerfûgels (Podicipedidae)
skaai dûkerkes (Tachybaptus)
soarte
Tachybaptus ruficollis
Pallas, 1764
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     dwaalgast


It dûkerke (Tachybaptus ruficollis) is in soarte yn it skaai fan de dûkerkes (Tachybaptus). Mei syn 26 sm is it yn Jeropa it lytste lid fan de famylje fan de hjerringslynders. It is in dûnkere fûgel en hy hat in frij koarte nekke mei in readeftige hals. De snaffelbasis is griengiel. Hy komt foar yn hiel Europa útsein it grutste part fan Skandinaavje, yn hiel súdlik Afrika en yn Súd en Súdeast-Aazje.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Dûkerke hjit yn it Frysk ek wol earsfuttel, earsfutteler as lytse ieldûker.

Habitat en aaien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It dûkerke libbet yn swietwettermarren, fivers en traachstreamende rivieren, mar ek yn reservoirs en grintputten. Hy leit 4-6 wite aaien op in platfoarm fan driuwende fegetaasje. De âlden diele de briedperioade fan 19-25 dagen. De jongen kinne harsels fiede en kinne fleane nei 44-48 dagen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]