Cindy Pielstroom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Cindy Pielstroom yn 1999

Cindy Pielstroom (Amsterdam, 3 augustus 1970) is in earder Nederlânsk televyzjepresintator en fotomodel dy't op it heden selstannich ûndernimmer is.

Pielstroom waard nei de middelbere skoalle fotomodel yn Spanje. Sy wenne yn Barselona en in skoftke yn Milaan en Athene.

Yn 1996 waard sy "buordjesomdraaister" by it televyzjeprogramma Rad van Fortuin op RTL 4 en wie redakteut en presintatrise by Call TV. Dêrnei broch se tv-programma's foar Veronica (letter Yorin) sa as Game Force One, City Report en VIPS en wie hja omropster. Produsint en redakteur wie sy by it programma VIPS.

1999 sette Pielstroom in eigen bedriuw op, dat websiden lansearret, reklamekampanjes en televyzjeprogramma's makket.

Sûnt 2 novimber 2010 is Cindy Pielstroom de nije kreatyf direkteur fan Extrema.